Transfiguraasjekleaster (Moerom)
It Transfiguraasje- of Ferlossserkleaster of it Kleaster fan de Transfiguraasje fan 'e Ferlosser (Russysk: Спа́со-Преображе́нский монасты́рь; Spaso-Preobrazjenski Monastyr) is in kleaster foar muontsen fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn it bisdom Moerom. It kleaster stiet op 'e linker kant fan 'e Oka yn Moerom, Ruslân.
Transfiguraasjekleaster
Спа́со-Преображе́нский монасты́рь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Vladimir | |
plak | Moerom | |
adres | Ulitsa Lakina 1 | |
koördinaten | 55° 34' N 42° 03' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1096 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | âldste bouwurken 17e iuw | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 331520260710006 | |
Webside | ||
svyto.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe stifting fan it kleaster wurdt ferbûn mei de letter hillich ferklearre prins Gleb Vladimirovitsj. Nei't er fan syn heit it foarstedom Moerom krige, koe de prins him net tusken de heidenen nei wenjen sette en liet er syn hôf boppe in steile, mei bosken oerdutsen, kant fan 'e Oka bouwe.
It kleaster komt yn 'e kroniken as it earste fan alle kleasters fan Ruslân foar en waard neamd yn in dokumint út 1096 yn ferbân mei in striid fan 'e Tsjernigov-prins Oleg Svjatoslavitsj tsjin de soan fan Vladimir Monomach, prins Izjaslav Vladimirovitsj fan Moerom. De troepen fan Izjaslav waarden ferslein en prins Izjaslav sels ferstoar yn 'e striid.
In twadde kear dat it kleaster neamd wurdt is yn ferbân mei de dea fan prins Joeri Vladimirovitsj († 19 jannewaris 1175) as it plak dêr't de prins begroeven waard.
Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw waard it kleaster op 'e nij yndirekt neamd yn in skriuwen fan 'e aarstbiskop nei oanlieding fan 'e dea fan in bojaar út Novgorod, Fjodor Boretski, dy't foar syn dea keas foar it monastike libben yn it Transfiguraasjekleaster, yn dy tiid it iennige kleaster foar manlju yn Moerom.
Yn 'e midden fan 'e 16e iuw, nei in súksesfolle fjildtocht fan Ivan de Ferskriklike tsjin Kazan, bleau de tsaar yn Moerom en joech er opdracht ta de bou fan ferskate stiennen tsjerken, wêrûnder de katedraal fan it Transfiguraasjekleaster. Alhoewol't yn 'e rin fan 'e tiid in soad ferbouwings folgen, bleau de katedraal it oarspronklike oansjen hâlden. Dy tiid foarme it begjin fan 'e ekonomyske heechtiid fan it kleaster. Tsaar Ivan joech it kleaster in soad lân en hy bleau dêr ek sliepen. De ynventarislist fan 'e stêd Moerom beskreau it kleaster yn 1624 en 1636-1637 as "de residinsje fan de foarst", in befestiging dat de foarst in aktive rol spile yn it kleasterlibben.
Yn 1616 foelen troepen fan 'e Poal Aleksander Józef Lisowski it kleaster oan. By it offensyf hie it kleaster slim te lijen fan fernielings.
Doe't patriarch Nikon herfoarmings yn 'e otterdoksy trochfierde, wegere it kleaster de nije regels te akseptearjen. It kleaster waard in bolwurk fan âldleauwigen en de doedestidske argimandryt Antoni skreau tsaar Aleksej I oer syn beswieren tsjin de herfoarmings en frege oft de tsjerklike feroarings fan Nikon wol mei de segen fan 'e tsaar plakfûnen. Yn 1662 waard de argimandryt yn opdracht fan 'e aartsbiskop fan Rjazan en Moerom de lieding fan it kleaster ôfnommen en yn 1666 opdroegen nei Moskou te kommen. Nei't Antoni syn spyt betsjûge hie oer syn ferset waard er net werom stjoerd nei Moerom, mar nei it Kirillo-Belozerski-kleaster.
Yn 'e jierren 1680 makke in grutte jefte fan 'e metropolyt Varsonofi, dy't ôfkomstich wie út in keapluskaai út Moerom, oan it kleaster ferbouwings mooglik. Njonken de bou fan in twa ferdjippings tellend gebou foar de kleasteroerste waard it fertutearzge refektoarium op 'e nij boud. Yn 'e jierren 1720 waard in lyts seminaarje op it kleasterterrein boud, ornearre foar de bern fan 'e geastlikheid.
Yn 1765 namen de tsjerklike autoriteiten it beslút om it Borissoglebski-kleaster yn Moerom te feroarjen yn in parochytsjerke. De muontsen waarden oerbrocht nei it Transfiguraasjetsjerke.
Fan 1866 oant 1868 wie it de argimandryt Gavriil (1795-1868), earder in heechleraar tsjerklik rjocht en dêrnei filosofy oan 'e Universiteit fan Kazan, dy't it kleaster liede en wie de earste histoarikus fan 'e filosofy. Tsjin 1877 wie ûnder argimandryt Antoni (Iljenov) de steat fan ûnderhâld fan it kleaster striemin. Jild om it op te knappen wie der net. Nei in reis nei Atos yn 1878 brocht Antoni in kopy mei fan 'e ikoan fan de Mem-Gods-Skoroposlûsjnitsa, wêrfan't it orizjineel troch it Dochiariou-kleaster bewarre waard. De ikoan brocht troch in grutte oanrin fan nije pylgers genôch jild yn 't laad om it kleaster yn 'e jierren 1880 te restaurearjen en in nij gebou fan trije ferdjippings foar de bruorren te bouwen.
Oktoberrevolúsje
bewurkje seksjeNei de oktoberrevolúsje waard biskop Mitrofan fan Moerom beskuldige fan stipe oan 'e opskuor fan 8 en 9 july 1918 tsjin de bolsjewiken ûnder lieding fan kolonel Nikolai Pavlovich Sakharov, dy't kommandant wie fan it eastlike détasjemint fan it Noardlike Frijwilligersleger. Dêrom lieten de bolsjewiken it kleaster slute. Yn 1918 en 1919 bleau de Transfiguraasjekatedraal noch iepen as parochytsjerke, mar yn 'e jierren 1920 waarden de tsjerken ynspektearre troch fertsjintwurdigers fan it Museum fan Moerom. Yn 1929 waarden de gebouwen beset troch militêren en diels de NKVD. Tagelyk waard it begraafplak, dêr't tsien jier earder noch boargers waarden begroeven, fan it kleaster ferneatige. It wie gewoane minsken net mear tastien op it kleasterterrein te kommen.
Nei de fal fan de Sovjet-uny
bewurkje seksjeYn april 1990 stjoerden boargers fan 'e stêd Moerom in iepen brief, meiûndertekene troch it stedsbestjoer, oan it bisdom Vladimir om dêrmei de oerdracht fan it kleaster oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke te stypjen. Ek de akademikus Dmitri Sergejevitsj Lichatsjov ûnderstipe dat fersyk mei in brief op 8 oktober 1990 oan 'e patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, Aleksi II.
Yn 'e maitiid fan 1995 ferliet de militêre ienheid it Ferlosserkleaster om it oer te dragen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Neffens de earste abt fan it kleaster wie it in deprimearjende ûnderfining te sjen hoe slim oft de gebouwen der oan ta wiene. Mar al gau slagge it om fan 'e boufallen wer in bewenber kleaster te meitsjen en yn 'e jierren 2000-2009 folge in deeglike restauraasje.
Op 8 july 2011 brocht Dmitri Medvedev in besite oan it restaurearre kleaster.
Monuminten
bewurkje seksjeIt kleaster telt fiif monuminten, dy't beskôge wurde as monuminten fan nasjonaal belang:
- De fiifkoepelige Transfiguraasjekatedraal út 1552;
- de refter fan twa ferdjippings mei Foarbeatsjerke (1691);
- gebou foar de abt (1687) mei de Tsjerke fan 'e Sân hillige Martlers fan Chersonesos (1911);
- Poartetsjerke fan Syril Belozerski 1807-1810;
- de kleastersellen (1890)
Oare gebouwen:
- Sergius fan Radonezjtsjerke (2005).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Преображенский монастырь (Муром)
|