Treinramp by Ruinerwold
De treinramp by Ruinerwold barde op tiisdei 3 jannewaris 1888 om 21.30 oere net fier fan Stopplak Ruinerwold op it Spoar fan Meppel nei Grins. By de botsing wie in stoptrein en in flugge trein belutsen. By de botsing kamen 5 passazjiers om it libben en rekken tsien passazjiers ferwûne.
Treinramp by Ruinerwold | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | treinramp | |
subtype | Frontale botsing | |
oarsaak | Mist sein en alkohol | |
datum | 3 jannewaris 1888 | |
tiid | 21.30 oere | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Ruinerwold | |
statistiken | ||
deaden | 5 | |
ferwûnen | 10 | |
lokaasje | ||
Lokaasje fan 'e treinramp yn Nederlân.
|
Belutsen treinen en omstannichheden
bewurkje seksjeBy de ramp wiene twa treinen belutsen
It spoar tusken Grins en Meppel wie doetiids inkeldspoar en waard betsjinne troch treinen dy't inoar op foarôf bepaalde stasjons krústen. Ien fan de fêste stasjons wie halte Echten. Op de jûn fan 3 jannewaris 1888 moasten de trein fan 19.35 út Grins wei en de sneltrein fan 20.15 út Swol wei inoar dêr kruse. De trein út Meppel wie lykwols in healoere fertrage, wêrtroch besletten waard om de treinen net yn Echten mar by Stasjon Koekange kruse te litten. Dat waard letter feroare yn in krusing by it Stopplak Ruinerwold. Dêrnei sette de trein út Grins wei, yn Echten fierder ôf rjochting Koekange en dêrnei nei Ruinerwold. De stasjonsjef fan Ruinerwold sette it sein foar de trein út Grins op feilich en foar dy út Swol op ûnfeilich. Sawol de masinist as stoker fan de trein út Swol hiene it sein ûnfeilich mist, wêrtroch't se te fluch it Stopplak Ruinerwold foarby rieden. De stasjonsjef besocht mei in ljochtseinen de bestjoerders te warskôgjen, wat net holp. Fan de oare kant kaam de trein út Grins, dy't al oan it ôfremjen wie foar de stop yn Ruinerwold. Op in ôfstân fan sa'n 200 meter fan it stopplak botsten de beide treinen op inoar. Fan beide treinen waarden de lokomotiven yninoar drukt en in tal reau folslein ferneatige, ien fan de lokomotiven kantele nei de botsing. Help kaam rap op gong en de ferwûnen waarden nei sikehuzen yn Grins en Meppel ferfierd. Nei ûndersyk die bliken dat de masinist fan de trein út Swol tefolle dronken hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|