Steatsline C
Meppel - Grins
Steatsline C op de kaart
Totale lingte76,9 km
Spoarwiidtenormaalspoar 1435 mm
Oanlein trochSteat fan de Nederlannen
Iepene1 maaie 1870
hjoeddeistige statusYn gebrûk
Elektrifisearre1952
Tal spoaren
Swol - Onnen: 2
Onnen - Grins: 3
Baanfakfaasje140 km/o
Befeiliging of treinbeynfloedingATB EG
omgrinzingsprofylOPS-NL
Beladingsklasse
D4 (bij 100 km/0) op Swol-Onnen
D2 (bij 60 km/h) op Onnen-Grins
Trajekt
v-STR spoar fan Arnhim Sintraal
+
uexv-SHI4l + v-STR
uexv-SHI4+r +
ddBHFuexdKHSTauexdHST 0,0 Meppel
demdKRZuexvSTRr-STR tramwei mei Balkbrug opbr.
ddWBRÜCKEdWASSERquexdWBRÜCKE Hoogeveense Vaart
v-STRuexv-STRl tramwei nei Hijkersmilde opbr.
dABZgl spoar nei Ljouwert
dSKRZ-Ao A32
deHST 4,6 Ruinerwold
deBHF 8,4 Koekange
deHST 14,5 Echten
dSKRZ-Ao A28E232
uexdSTR+rdSTR tramwei fan Slagharen, tramwei fan Nij-Amsterdam opbr.
uexdKBHFedBHF 19,8 Hoogeveen
exENDEaqeABZgrd yndustrieline Hoogeveen opbr.
KBSTaqABZgrd 24,2 afvalverwerkingsStasjon
Attero
deHST 29,4 Wijster
dWBRÜCKE1 Linthorst Homankanaal
dWBRÜCKE1 Beilerstroom
dBHF 33,7 Beilen
dWBRÜCKE1 Oranjekanaal
deHST 37,8 Oranjekanaal
deHST 40,5 Hooghalen
exKHSTaqeABZgrd spoar fan Kamp Westerbork opbr.
demdKRZuexv-STR+r tramwei fan Coevorden opbr.
+
uexv-SHI2l + v-STR
uexvSHI2+r- + uexv-STR
v-BHFuexdBHFuexdKBHFe 49,3 Assen
dSTRuexdSTRl tramwei nei Easterwâlde opbr.
deABZgr spoar nei Gasselternijveen opbr.
deHST 56,3 Oudemolen
uexdKHSTaedBHF 60,1 Vries-Súdlaren
uexv-LSHI2rdWBRÜCKEd Drintske Aa, grins
Drinte - Grinslân
uexvSTRl- +
uexv-STR+r + vSTR-
edBHFuexdHST 66,4 De Punt
dv-SHI2gruexdSTRl tramwei naar Grins opbr.
vDST-STR NedTrain
vÜST
vSTR-eBHF 71,0 Haren oant 1936
vABZgr-STR nei Waterhuizen oanslúting alline fracht
vSTR-BHF 71,2 Haren sûnt 1968
dSTR+rvSTRd spoar fan Bad Nijeskâns
evSTR+r-STRvSTR spoar fan Weiwerd opbr.
vENDExa-STRvSTR losplak Vagron
vABZg+l-STRvABZgr-STR{{{3}}}
vSHI2glvSHI2g+r-STR{{{3}}}
veABZgr-STRvSTR line nei Eemskanaal opbr.
veDST-STRvSTR Grins Losplak
dENDExedSHI2ldSHI2gl+rdSHI2g+r{{{5}}}
exvSTR-vHST 74,0 Grins Europapark fan 9 december 2012 ôf
exvKBSTe-vSTR oansl. Hunzecentrale opbr.
veHST-STR Grins Europapark oant 9 december 2012
vSKRZ-Au N7E22
vÜST
v-STRevSHI2gl-
dvBHFexdDST 76,9 Grins
ddSTR+c2xSPLg+3
dABZg+1dSTRc4 spoar nei Delfsyl
spoar nei Harns Haven

Steatsline C is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken Meppel en Grins. De spoarline waard iepene op 1 maaie 1870 de tredde steatsline yn it noarden. Yn 1952 waard de spoarline lektrifisearre.

Steatsline C is, mei njoggen oare steatslinen, ûnderdiel fan de earste Steatsoanlis fan spoarwegen yn Nederlân. Mei de steatslinen A en B waarden de grutte plakken yn Noard-Nederlân ferbûn mei de rest fan it Nederlânske spoarwegenet. Yn Meppel sleat de spoarline oan op Steatsline A, Arnhim - Ljouwert en yn Grins op Steatsline B. Beide linen waarden ein jierren 60 fan de 19e iuw oanlein. De eksploitaasje waard, krekt as op 'e measte steatslinen, fersoarge troch de Maatschappij tot Exploitatie van Staatsspoorwegen, koartwei Steatsspoarwegen (SS). Yn 1921 waard by Haren noch in ferbiningsbôge oanlein nei it spoar rjochting Bad Nijeskâns. Dat baanfak wurdt allinnich brûkt foar frachtferfier.

Yn jûnsoeren fan 3 jannewaris 1888 hie by Ruinerwold in treinramp plak, in stoptrein en in flugge trein botsten krekt nei Stopplak Ruinerwold frontaal tsjin inoar oan, by de botsing kamen 5 passazjiers om it libben.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard by it eardere Stasjon Hooghalen in spoaroansluting nei Kamp Westerbork oanlein. Fan de simmer fan 1942 ôf gie alle tiisdeis in frachttrein fuort dy't in grutte groep finzenen fia Assen, de ferbiningsbôge by Haren en Nijeskâns nei konsintraasjekampen yn Poalen brocht, benammen de ferneatigingskampen Birkenau en Sobibór. Yn totaal waarden fan 1942 oant 1944 goed 107.000 finzenen út Westerbork wei mei de trein deportearre. Mar 5000 fan de finzenen ha it oerlibbe.

Yn 1952 waard de spoarline elektrifisearre, sadwaande koe de treintsjinst flink ferbettere wurde.

Yn de santiger jierren helle de spoarline twa kear it wrâldnijs. Yn de moarntiid fan 2 desimber 1975 waard de stoptrein Grins - Swol ta stilstân brocht tusken de greiden by Wijster. Sân Molukske jongeren hiene de trein kaapt yn harren stribjen nei in frije Republyk fan de Súd-Molukken. De aksje duorre mei-inoar tolve dagen en der foelen trije deaden. Twa jier letter op 23 maaie 1977 wie it wer raak, om njoggen oere moarns waard in trein kaapt. Diskear gie it om de intercity rjochting Grins, dy't ta hichte fan it doarp De Punt troch njoggen wapene Molukske jongeren ta stilstân brocht waard. De gizeling duorre mar leafst 20 dagen. De befrijing troch mariniers koste twa gizelen en seis kapers it libben.

Stasjonsgebouwen

bewurkje seksje

Lykas by de oare spoarlinen fan de earste steatsoanlis ferskynden ek lâns Steatsline C de Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, de saneamde Wettersteatstasjons. Yn Meppel stie al it stasjon fan it type tredde klasse. Yn Hoogeveen en Assen ferskynden ek stasjonsgebouwen fan it type tredde klasse. Yn Koekange, Beilen, Vries-Súdlaren en De Punt ferskynden stasjonsgebouwen fan it type fiifde klasse. Yn Haren waard in lyts haltegebou delset.

Yn Grins waard earst in tydlik stasjonsgebou boud. Yn 1870 waard it needgebou ferfongen troch in leech gebou dat foldie oan de Fêstingwet. It gebou moast dêrtroch leech en rap ôfbrekber wêze. Troch it nije ferdigeningsplan út 1874 mochten ferskate fêstingstêden, wêrûnder Grins, ek bûten de fêsting bouwe. Yn 1896 waard dan ek it nije grutte rykfersierde stasjonsgebou yn gebrûk naam.

Yn 1880 krige Stasjon Hooghalen in lyts stasjonsgebou, yn 1903 folge troch it Stopplak Wijster en yn 1910 troch stopplak Ruinerwold. Yn 1913 krige Halte Echten in heech, hast fjouwerkant stasjonsgebou. Goed tweintich jier letter, yn 1934 waard dit stasjon alwer sletten. Ek de measte oare stasjons en stopplakken lâns de Steatsline waarden yn de jierren 30 fan de 20e iuw sletten. Allinnich de stasjons fan Hoogeveen en Assen bleaune yn gebrûk. It stasjon fan Beilen waard yn 1940 weriepene. De stasjonsgeboukes fan Ruinerwold en Wijster waarden dat jier sloopt.

Yn de jierren 60, 70 en begjin jierren 80 waarden yn it hiele lân in grut tal foaroarlochske stasjonsgebouwen sloopt. Wichtige oarsaken wiene de hege ûnderhâldskosten en in weromrinnend tal aktiviteiten binnen sa 'n grut gebou. Ek lâns Steatsline C ferdwûnen dy jierren de measte stasjonsgebouwen. It stasjonggebou fan Stasjon Beilen waard yn 1970 troch in gebou yn in oanpaste ferzje fan it Standerttype Douma ek wol Standerttype Beilen neamt.

Yn dy perioade ferdwûnen ek alle stasjonsgebouwen lâns de line dy't al foar de Twadde Wrâldkriich harren funksje ferlern hiene. Yn Haren waard yn 1968 it stasjon opnij yn gebrûk naam mei in saneamde Sextant. It âlde stasjonsgebou wie yn 1965 al ôfbrutsen. Yn de jierren 80 ûntkamen ek de stasjonsgebouwen fan Hoogeveen en Assen net oan de slopershammer: yn 1984 krige Hoogeveen in nij stasjonsgebou. Yn de Drintske haadstêd is ûnderwilens it tredde stasjonsgebou sûnt 1870 iepene.

Stasjon Type gebou Opmerkingen
  Meppel type Hengelo
Ruinerwold Lyts gebouke stasjon sletten yn 1933
Koekange type SS fiifde klasse gebou ôfbrutsen yn 1973, stasjon sletten yn 1940
Echten Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1965, stasjon sletten yn 1934
  Hoogeveen type Hoogezand Yn 1984 ôfbrutsen, en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma.
Wijster Lyts gebouke stasjon sletten yn 1938
  Beilen type SS fiifde klasse Yn 1970 ôfbrutsen, en ferfongen troch standerttype Beilen
Oranjekanaal Gjin stasjon sletten yn 1934
Hooghalen Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938
  Assen type SS tredde klasse fernijd type 1e stasjonsgebou yn 1988 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt R.M.J.A. Steenhuis. 2e stasjonsgebou yn 2016 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitektenkombinaasje Powerhouse Company en De ZwarteHond.
Oudemolen Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1936, stasjon sletten yn 1938
Vries-Súdlaren type SS fiifde klasse gebou ôfbrutsen yn 1968, stasjon sletten yn 1952
Drinte/Grins
  De Punt type SS fiifde klasse gebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1936
Haren Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1965, En yn ferfongen troch in stasjonsgebou fan it type Sextant.
  Grins Europapark Unyk ûntwerp
  Grins ûntwerp fan Isaac Gosschalk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  Steatslinen  

Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal)

  ·   ·