De trekdo (Ectopistes migratorius) is in útstoarne fûgel, dy't oant en mei de 19e iuw yn ûnbidich grutte oantallen yn Noard-Amearika libbe. Yn 1866 wiene der mooglik sels noch miljarden trekdowen. Nei 1870 naam de populaasje bot ôf troch de massale jacht en om 1900 hinne wie de soarte al hast útstoarn.

trekdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai trekdowen (Ectopistes)
soarte
Ectopistes migratorius
Linnaeus, 1766
útstoarn
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     net briedend en trekfûgel
 
Litho fan in spantsje trekdowen
John James Audubon (1785–1851).

De fûgel wie 38 oant 41 sm lang. It wyfke wie wat lytser as it mantsje. De fûgel hie in soad fan 'e treurdo (Zenaida macroura), mar wie grutter. De fûgel wie slank en manûvrearber, koe goed fleane en hie goed ûntwikkele boarstspieren. In folkwoeksen mantsje hie in blaugrize kop, hals en nekke. It wyfke wie fan boppe bruner en fan ûnder ljochter. De fûgelhie irisearjende sierfearren op 'e hals. De rêch wie foar it meast donker blaugriis, it boarst wie ljocht readbrún dat nei de búk ta ljochter rôze waard.

Trekdowen kamen yn hiel Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains foar. Winterdeis gyngen se alle kanten út. Yn strange winters ferhûzen se nei de súdliker steaten. Har biotoop wiene de leafbosken. De dowen frieten fral sied fan beammen út de bûkefamylje. Winterdeis holden trekdowen harren in soad yn sompige gebieten mei elzebosk op, wylst trekdowen yn nullebosk oernachten.

 
It sjitten op trekdowen.

Der wurdt rûsd dat mei de komst fan de Europeeske kolonisten der likernôch 3 oant 5 miljard trekdowen wiene. De fûgel migrearre op ûnregelmjittige tiden yn grutte kloften oer it kontinint. Yn 1866 duorre it yn Ontario 14 oeren ear't sa'n ûnbidige kolft foarby wie. Der moatte doe mear as in miljard trekdowen oerkommen wêze.

 
Martha († 1914), de lêste trekdo.

Dochs stoar de trekdo yn in lytse tiidsspanne út. Dat hie te meitsjen mei de grutte jacht op de fûgel, alhoewol't ek it kappen fan bosk in rol spile hawwe kin.

By in briedkoloanje yn Michigan waarden yn 1874 wol 25.000 fûgels deis deasketten. Yn 'e jierren 1880 wie it al sa fier dat de fûgel drige út te stjerren. De lêste trekdo wie Martha, dy't op 1 septimber 1914 stoar yn 'e Cincinnati Zoo and Botanical Garden

Fan 'e fûgel binne noch in soad resten bewarre bleaun. Meiïnoar binne der mear as 1500 eksimplaren en allinne Naturalis yn Leien hat der al alve. Dêrom is it mooglik om it DNA fan 'e fûgel goed te ûndersykjen. De soarte heart ta in monotypysk skaai, dat nau besibbe is oan oare yn 'e Nije Wrâld foarkommende soarten fan it skaai Patagioenas. Dy klade is it meast besibbe mei de yn 'e Alde Wrâld foarkommende toarteldo, dêr't ek de Turkske toartel ûnder falt.

Passenger Pigeon Project

bewurkje seksje

Om 't in grut part fan 'e genetyske gearstalling fan de trekdo rekonstruearre is, is it Passenger Pigeon Project dwaande om de do wer te rekonstruearjen troch genetyske modifikaasje fan libbene oan 'e trekdo besibbe dowen.

It doel fan it projekt is om tusken 2030 en 2040 de earste pearkes frij te litten en te stribjen nei in populaasje fan 10.000 fûgels yn it wyld, dy't himsels yn stân hâlde kin. Neffens it projekt is dat technologysk realistysk as der genôch jild foar it projekt beskikber bliuwt.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Trekduif (ferzje 12 april 2024)