Trinity St. Clair

Trinity St. Clair, echte namme ûnbekend (Redding (Kalifornje), 3 febrewaris 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Italjaansk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Taylor Jean, en wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Trinity St. Claire. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m, mei in gewicht fan 43 kg.

Trinity St. Clair
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Trinity St. Claire, Taylor Jean
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 febrewaris 1990
berteplak Redding (Kalifornje)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
trinitystclair.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Trinity St. Clair is hikke en tein yn Redding, yn 'e steat Kalifornje. Se waard grutbrocht troch har mem, yn in brutsen gesin. Op 'e middelbere skoalle koe se goed meikomme, mar se wie net populêr, en hat harsels yn dy libbensfaze omskreaun as in "band geek", mei't se yn 'e skoalleband de ksylofoan, de tromboane en de klarinet spile. Nei't se slagge wie foar har middelbere-skoaleksamen studearre St. Clair psychology, dêr't se in bachelorstitel yn behelle.

Se wie fan doel en spesjalisearje har yn 'e bernepsychology, mar yn 2010 rekke se belutsen by de pornoyndustry en datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn krapoan hûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Evil Angel, Wicked Pictures, Digital Sin, New Sensations, Zero Tolerance, West Coast Productions, Pure Play Media, Devil's Film, Diabolic Video en Jules Jordan Video.

Yn april 2012 tekene St. Clair in kontrakt mei OC Modeling, in foaroansteand ympressarioburo yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Se hat ûnderwilens twaris nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise Grease XXX: A Parody
Xbiz Award nominearre bêste byrol fan in aktrise Grease XXX: A Parody

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: