Trompetkraanfûgel
De trompetkraanfûgel of trompetkraan (Grus americana) is in soarte út fan de famylje fan de kraanfûgels yn Noard-Amearika.
trompetkraanfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Grus americana | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe trompetkraanfûgel is in 150 sm grutte fûgel dy't in 6 kg waget. De folwoeksen fûgels hawwe wite fearren mei in read plak boppe op de kop en in lange donkere snaffel. Lykas alle kraanfûgels fleane se mei de nekke útstrekt wêrby de swarte úteinen fan de wjukken opfalle neist de foar de rest wite fearren.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe trompetkraanfûgel komt foar yn Noard-Amearika. Syn briedgebiet leit yn sompen yn de prêrje yn it midden fan Kanada yn en rûnom it Nasjonaal Park Wood Buffalo. De fûgels oerwinterje yn Teksas yn Nasjonaal Faunareservaat, dat fanwege de trompetkraanfûgels in beskerme natoergebiet wurden is.
Iten
bewurkje seksjeTrompetkraanfûgels sykje harren iten yn ûndjip wetter en yn it fjild. Se ite ynsekten, wetterplanten en dieren dy't yn it wetter foarkomme sa as krabben.
Fuortplanting
bewurkje seksjeTrompetkraanfûgels meitsje harren nêst op de grûn yn de sompen, meast op in lytse ferheging. It wyfke leit ien oant trije aaien dy't in sa'n 30 dagen útbredt wurde. De jongen wurde troch beide âlden fuorre en kinne nei sa'n 80-90 dagen fleane.
Populaasje
bewurkje seksjeDe trompetkraanfûgel is ien fan de selsumste fûgelsoarten fan de wrâld. De weromgong fan dizze kraanfûgelsoarte dy't eartiids yn it hiele middenwesten fan Noard-Amearika foarkaam is meast ta te skriuwen oan it ferliezen fan harren libbensgebiet. Yn 1941 bestie de populaasje yn it wyld noch mar út 21 fûgels. Sûnt dy tiid is it tal fûgels troch beskermjende maatregels wer wat grutter wurden. Hjoed-de-dei binne der sa'n 330 trompetkraanfûgels wêrfân in 200 yn it wyld libje.