Tsjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga (1654-1690)
Tsjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga, (Wurdum?, 1654 - dêre, 2 jannewaris 1690), wie soan fan Frâns fan Eysinga (1621-1673) en fan Aeltje fan Eysinga.
Hy wie folmachtige op de Lândei foar it kertier Westergoa en monsterkommissaris fan Fryslân. Hy boaske op 29 maaie 1682 Syds Aebinga fan Humalda (1638-1700), dochter fan Sjuck en fan Catharina fan Hottinga. Hjirút kamen sân bern, wêrby Frans Julius Johan Heringa fan Eysinga; Baudina Lucia boaske (as widdo fan Tsjalling fan Sixma) yn 1718 mei Ulbo fan Burmania, ried yn it Hof fan Fryslân en ambassadeur yn Stockholm.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |