Tsjerke fan Aartswâld

De Tsjerke fan Aartswâld, ek wol de Doarpstsjerke, is de eardere herfoarme tsjerke en tsjintwurdich it kulturele sintrum fan it Noard-Hollânske doarp Aartswâld.

Tsjerke fan Aartswâld

Kerk van Aartswoud

Aartswâld, tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of North Holland.svg Noard-Hollân
gemeente Opmeer vlag.svg Opmeer
plak Aartswâld
adres Schoolstraat 45
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier tsjerke: 1884
toer 16e iuw
boustyl toer: letgoatysk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke 31783 [1]
toer: 31785[2]
webside Side Stifting Kerk Aartswoud

SkiednisBewurkje

 
De letgoatyske foargonger fan Aartswâld

Tusken 1883 en 1884 waard op it plak fan de letgoatyske foargonger de hjoeddeiske tsjerke fan Aartswâld boud. De boukosten bedroegen 35.000 gûne en by de nijbou bleau de toer fan de âlde tsjerke bewarre. Der wurdt ornearre dat de toer eartiids as fjoertoer tsjinne. Aartswoud lei yn dy tiid oan de Sudersee.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de yn 1620 getten klok foardere om de klok om te ranen. De klok belâne lykwols nea op it klokketsjerkhôf, want it skip dat de klok ferfierde rûn by Urk fêst. Sadwaande bleau de klok bewarre en is dy letter wer ophongen yn de klokkestoel. It meganyske oerwurk datearret fan 1920.

Yn 1998 is de tsjerke troch de herfoarme gemeente ôfstjitten en oerdroegen oan de Stifting Kerk Aartswoud, dy't it gebou as kultureel sintrum eksploitearret. Tsjerklik falle de eardere herfoarme bewenners no ûnder de PKN-gemeente Midden Westfryslân. Ut en troch wurdt der noch ris in tsjinst holden.

YnterieurBewurkje

Yn de tsjerke stiet in hearebank út 1641, dy't fersierd is mei it wapen fan de Siuwske famylje Soete van Laecken. Fierders binne de ljochtkroanen noch autentyk.

OargelBewurkje

It twamanualige oargel datearret út de tiid fan de 19e-iuwske nijbou en waard troch it Dútske bedriuw Ibach boud. Op 14 maaie 1885 waard it oargel yn gebrûk nommen. In restauraasje folge yn 1970 en yn 2004 waard de oargelkas renovearre.

Keppeling om utensBewurkje


Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: