Tsjerke fan Den Andel

De Tsjerke fan Den Andel is in romanogoatyske tsjerke yn it Grinslânske Den Andel. Eigner fan 'e tsjerke is sûnt 2008 de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken, mar it behear fan 'e tsjerke is tegearre mei de lokale protestanske gemeente.

Nikolaastsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Den Andel
adres De Streekweg 91
koördinaten 53° 23' N 6° 30' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8582 [1]
Webside
PKN Winsum-Halfambt
Kaart
Tsjerke fan Den Andel (Grinslân)
Tsjerke fan Den Andel
 
Ynterieur

De oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke waard boud yn it earste fearn fan 'e 13e iuw. De frijsteande toer is letter boud en stamt út de 14e iuw. Yn 'e toer hinget in klok fan Jurjen Balthasar út Ljouwert, dy't yn 1653 getten waard. De tsjerke oerlibbe it platbaarnen fan it doarp troch Steatske troepen yn 1584 en de ferneatiging fan Den Andel troch de Krystfloed yn 1717.

Doe't de tsjerke yn 'e 17e iuw, nei de ynfiering fan de reformaasje, banken krige, binne de muorrepylders weikapt dy't it ferwulft droegen en waarden lûkbalken needsaaklik. Ek waarden de finsters fergrutte en dy fan 'e eastlike muorre tichtmitsele, dêr't de romte ornearre waard foar de preekstoel út 1792. Yn 'e tsjerke hinget in kroanluchter mei in dûbele earn. Oer de flier leit in sark út 1621, de oaren binne 18e-iuwsk.

Yn 1989 waard in fergunning oanfrege om it monumint ôf te brekken, itjinge wegere waard.

Restauraasje

bewurkje seksje

Ynstee fan ôfbraak folge yn 'e jierren 1991 in restauraasje fan 'e tsjerke. By de restauraasje waarden de gevelpunten wer yn oarder makke. Yn 'e tsjerke waarden de lûkbalken ferwidere en ûnder de witerskalk kamen yn it stiennen ferwulft fresko's oan it ljocht. De bôgen tusken de ferwulftflakken binne yn bakstienstruktuer beskildere. Yn it tredde travee binne striidzjende ridders en bisten skildere. Oare traveeën hawwe bakstienstruktueren. De ribben fan it ferwulft binne skildere. Rjochts fan de kânsel is tsjintwurdich wer de sakramintsnis te sjen. De grutste operaasje fan 'e restauraasje wie it oanbringen fan in fûnemint fan in 45 sintimeter dikke flierplaat, dy't op 38 betonnen peallen rêst.

It ienmanualige oargel mei njoggen registers en in oanhongen pedaal waard yn 1879 boud troch de firma Van Oeckelen.

De grutste klok yn de toer waard troch Jurjen Balhtasar yn 1653 getten. De lytse klok yn de lanteare is in Van Bergen-klok út 1947.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: