Tsjerke fan Hieslum
De Tsjerke fan Hieslum is in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Parregea-Hieslum.
Tsjerke fan Hieslum | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Hieslum | |
adres | Sierdsmawei 4 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1874 | |
arsjitekt | T.D. de Vries | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39351 | |
offisjele webside | ||
Prot. gemeente Parregea-Hieslum |
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de ûndergong fan it Starumer Odulfuskleaster waarden de pastoars fan Hieslum fan dêr út beneamd. Noch hiel lang nei de reformaasje bleaune de measte ynwenners fan Hieslum en omlizzende doarpen katolyk, ek al wie harren tsjerke in protestantsk gebou woarn. Dejingen dy't trou bleaune oan it âlde leauwe waarden betsjinne troch rûnreizgjende preesters. Yn 1630 krige de preester fan Hieslum de ferantwurdlikens foar de sielssoarch fan de katoliken fan tsien doarpen, wêrfan't de parochy's opheven en de tsjerken oerdroegen wiene oan de oanhingers fan de nije lear.
Doe't nei de droechlizzing fan de Sinsmar in diel fan it polderhûs (It Blauhûs) ynrjochte waard as in katolike staasje, ferhûze de Hieslumer preester nei dat polderhûs. Mei de preester folgen stadichoan ek in soad katolike bewenners út Hieslim en de omkriten, en sa ûntjoech him de katolike enklave Blauhûs.[1][2]
De hjoeddeiske tsjerke fan Hieslum ferfong yn 1874 in midsiuwske tsjerke út likernôch 1300. Sûnt 1 maart 1990 foarmet de herfoarme gemeente Parregea-Hieslum in kombinaasje mei dy fan Tsjerkwert-Dedzjum. De pastory stiet fan de by de PKN oansletten kombinaasjegemeente stiet yn Parregea[3] It eksterieur fan de tsjerke fan Hieslum, dy't hast gelyk is oan de Skuzumer tsjerke, waard yn 2015 restaurearre.
Ynterieur
bewurkje seksjeUt de katolike tiid lizze yn de flier noch fjouwer sarken fan preesters. Fanwegen de preekstoel út de earste helte fan de 17e iuw is de tsjerke in ryksmonumint. It psalmboerd datearret fan 1732.
De klok, yn 1673 yn Ljouwert getten troch Petrus Overney, wie ôfkomstsich út de klokkestoel fan de âlde tsjerke en waard by de foltôging fan de nijbou yn 1874 yn it houten geveltuorke hongen, mar waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere troch de besetter. Nei de oarloch soargen de Hieslumers foar ferfanging.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke hat gjin piipoargel. Achter in 19e iuwsk skynfront stiet in elektronysk Johannus orgel, Opus 220.[4]
Kriichsgrêf
bewurkje seksjeOp it hôf fan de tsjerke waarden de oerbliuwsels fan John Charles Owen en James Buntin te rêste lein, nei't harren bommenwerper yn de nacht fan 13 op 14 maaie 1943 troch in oanfal fan in Dútske Messerschmitt by Hieslum delstoartte. Alle sân manlju fan de Lancaster ED589 kamen om, mar allinne John Charles Owen en James Buntin waarden by it romjen werom fûn. De nammen fan de fiif oare manlju wurde op de lizzende stien oer it grêf neamd.[5]
Sjoch ek
bewurkje seksje- Jehannes de Dopertsjerke, Parregea
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|