Tsjerke fan Hoarnstersweach

It Tsjerkje 1621 is de eardere herfoarme tsjerke yn Hoarnstersweach. De tsjerke waard yn 1621 boud en is sûnt 1986 troch de tsjerklike gemeente bûten gebrûk steld. De Stifting Tsjerkje 1621 beheart it gebou.

Tsjerkje 1621
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Hoarnstersweach
adres Skoatterlânswei 95
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1621
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21181

Beskriuwing bewurkje seksje

It sealtsjerkje mei in trijesidich eastlik koer stiet midden op in ferhege tsjerkhôf oan de eardere ferbiningswei fan Aldskoat nei Donkerbroek, dy't tsjintwurdich de Skoatterlânswei hjit. Op de westlike foargevel stiet mei muorreankters it jiertal 1621. Yn 1856 is de tsjerke yn giele bakstien ferboud. Tusken de muorreankers boppe de tagong is in gevelstien ynmitsele mei de tekst út 2 Timóteüs 2: De Heere kent degenen, die de Zijnen zijn; en: Een iegelijk, die den Naam van Christus noemt, sta af van ongerechtigheid, 1856.

Foar de Twadde Wrâldkriich waarden de preekstoel en de banken út de tsjerke helle. Nei de oarloch krige de tsjerke in nije ynrjochting.[1]

De klokkestoel waard yn 1972 ôfbrutsen, mar yn 2007 wer opboud. Yn de klokkestoel hinget in troch Petrus Overney getten klok út 1688.

Nei de foarming fan in Samen-op-Weggemeente yn de jierren 1980 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst. It gebou wurdt beheard troch de Stifting Tsjerkje 1621, dy't it gebou ferhierde oan in keunstenares dy't der har atelier yn ûnderbrocht. Yn de tsjerke wurde ek lêzings en konserten organisearre. Der is gjin oargel oanwêzich.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: