Sint-Gangulfustsjerke (Ie)

(Trochferwiisd fan Tsjerke fan Ie)

De Sint-Gangulfustsjerke (ek: Tsjerke op 'e Terp) is in yn de 13e iuw boud ryksmonumint yn Ie. It is ien fan de tsjerken fan de Protestantske gemeente Ie-Eastrum-Jouswier.

Sint-Gangulfustsjerke
Tsjerke op 'e Terp
Sint-Gangulfustsjerke
Sint-Gangulfustsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Ie
adres Omgong 1
koördinaten 53° 19' N 6° 64' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Gangulfus (of mooglich Jarich fan Mariëngaard)
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romaanske en gotyske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31568
Webside
PKN gemeente Ie-Eastrum-Jouswier
Kaart
Sint-Gangulfustsjerke (Fryslân)
Sint-Gangulfustsjerke

De tsjerke waard yn de earste helte fan de 13e iuw boud. It is net hielendal wis oan wa't de tsjerke yn de katolike tiid wijd wie, neamd wurde Gangulfus en de hillige abt Jarich fan Mariëngaard as mooglike patroanhilligen. De tsjerke is yn de lettere iuwen ferskillende kearen feroare. Sa waard yn de 16e iuw de kape fan de tsjerke ferhege en ferdwûn it stiennen ferwulft. Ek de trijehoekige koerôfsluting is yn lettere iuwen boud en ferfong in rûne ôfsluting.[1]

 
Konsoles mei figueren

Nei de reformaasje waard de tsjerke in protestantske tsjerke.

De tsjerketoer is fan 1867 en ferfong in sealtektoer dy't al earder ôfbrutsen wie. De klok út 1642, getten troch Jacob Noteman út Ljouwert, waard yn de oarloch foardere troch de Dútsers.

Opfallend oan de tsjerke binne de rigen konsoles oan de boppekant fan de súd- én de noardmuorre. Under de konsoles binne foarmen fan minskegesichten of fan bistekoppen oanbrocht.

De tsjerke is erkend as in ryksmonumint. De toer waard yn 2010 restaurearre.

Yn de tsjerke steane trije hearebanken út de 17e en de 18e iuw foar de Obbema's, Douma's en Holdinga's. Neist njoggen roubuorden hat de tsjerke ek in epitaaf fan swart moarmer en albast ta neitins oan de yn 1625 ferstoarne Snelliger Meckema. De âldste grêfstien is út 1495 fan Teet Humalda. Neffens de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' út 1786 moat Ie in hiel moai koerstek hân hawwe.

De preekstoel is út de 19e iuw.

It twamanualige oargel waard yn 1958 boud troch Ernst Leeflang. It Leeflang-ynstrumint ferfong in oargel fan de firma Dekker út 1923, dy't doe in oargel fan Van Gruisen út 1794 ferfongen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neffens Karstkarel soe dy ferbouwing yn 1908 bard wêze (Karstkarel, P. 2007:101). Neffens Stenvert, Ronald (et al.) soe dat al in iuw earder, yn 1808, west hawwe (Stenvert, R. 2000:126). Neffens de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed soe de ferfanging al yn de 18e iuw west hawwe [1]