Tsjerke fan Jannum
De Tsjerke fan Jannum is de eardere herfoarme tsjerke fan Jannum. Tsjintwurdich is it in museum mei in kolleksje tige âlde saken út Fryske tsjerken. Sa is dêr û.o. it âldste doopfont fan Fryslân te sjen.
Tsjerke fan Jannum | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Jannum | |
adres | Tsjerkestrjitte 4 | |
koördinaten | 53° 18' N 5° 54' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | ûnbekend | |
status | net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 11688 | |
Webside | ||
Protestantske gemeente De Flieterpen | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt Jannumer tsjerkje waard yn de 13e iuw op in terp boud. Nei alle gedachten hawwe de muontsen fan it Sistersjinzerske kleaster Klaerkamp de bou fan de tsjerke begelaat. Oannommen wurdt dat Jannum in úthôf fan it kleaster west hat. De tsjerke hie ea in stiennen ferwulft; guon oansetten der fan binne noch oanwêzich. It koer is nei alle gedachten it âldst en datearret fan 1200, it skip is in lytse hûndert jier letter ta stân kommen.
Nei de reformaasje waard de tsjerke geskikt makke foar de protestantske tsjinst.
It is oan it krewearjen fan it Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde te tankjen dat it tsjerkje bewarre bleau. Nei in besite fan dat selskip droegen de tsjerkfâden it brekfallige gebou, dat sûnt 1936 net mear brûkt waard, oer oan it selskip. Yn de Twadde Wrâldkriich folge û.l.f. de arsjitekt Jo Vegter en de argeoloog P. Glazema in restauraasje. It koer is doe hast hielendal fernijd en de westlike gevel krige doe in topgevel. Wêr mooglik binne doe de âlde finsters op 'e nij ynbrocht.
De houten klokkestoel dy't tsjin de westlike gevel boud wie, waard ferfongen troch in klokkestoel oan de topgevel lykas dy fan de Fitustsjerke fan Wetsens. De klok datearret út 1489, hat in diameter fan 80,5 sintimeter en is fersierd mei reliëfs fan Marije mei Bern, in biskop en Katarina mei it swurd.
Sûnt 1947 is it as museum ynrjochte.
Ynterieur
bewurkje seksjeWêr't de 17e-iuwske preekstoel fan de tsjerke bleaun is, dy't noch foar de restauraasje yn de jierren 1940 oanwêzich wie, is net bekend. Neffens Herma M. van den Berg soe de preekstoel yn in evangelisaasjegebou yn 'e omkriten fan Ljouwert bedarre wêze.
De oarspronklike alterstien waard by de grutte restauraasje tegearre mei noch in alterstien werom fûn en krige it plak werom yn it koer. Ut de tsjerke fan Jellum stamt it âldste doopfont fan Fryslân. In diel fan in stiennen doophek, dat yn de jierren 1960 by in restauraasje fan de tsjerke fan Wûns ûntdutsen waard, is fersierd mei apostels. Fierder wurde der in tal oare fynsten lykas kapitelen en sarkofagen útstalt, dy't foar in part út de tsjerke sels of út oare Fryske tsjerken stamme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|