Tsjerke fan Panagia Theoskepasti

Panagia Theoskepasti (Gryksk: Εκκλησία Παναγίας Θεοσκέπαστης) is in Byzantynsk tsjerkegebou fan 'e Tsjerke fan Syprus yn it sintrum fan Kato Pafos, Syprus. De tsjerke makket diel út fan in gebiet, dat yn 1980 oan 'e list fan 'e UNESCO-wrâlderfgoedplakken tafoege waard. [1]

Theoskepasti-tsjerke

De skiednis giet op 'e 10e ieu nei Kristus werom, doe't it eilân Syprus diel útmakke fan it Byzantynske Ryk. Yn 'e Byzantynske tiid bloeide it kristendom op it eilân en waarden der in soad kleasters en tsjerken boud. Under harren wie ek de Theoskepasti-tsjerke, dy't wijd waard oan de Jongfaam Marije (Gryksk: Panagia). De tsjerke waard op in pear meter fan 'e see op in útspringende rots boud.

Oan 'e ein fan 'e 11e ieu setten de Sarasenen útein mei harren oanfallen op Syprus. Fanwegen de lokaasje wie de Theoskepasti-tsjerke maklik troch de ynfallende Arabieren te sjen, mar neffens de oerlevering ferdwûn de tsjerke by it naderjen fan 'e Sarasenen fuortendaliks yn in sluier fan donkere mistwolken, sadat hja de tsjerke net seagen. Fanwegen dy leginde krige de tsjerke de namme Theoskepasti fan 'e Grykske wurden Theos en skepazo, dy't respektivelik "God" en "fersluierje" betsjutte. Dêrfandinne is de namme dus Fersluiere troch God. Neffens in oare leginde slagge in Saraseen der ienris dochs yn om 'e tsjerke yn te gean om't er syn sin setten hie om dêr in gouden kandler te stellen Dat mislearre mei't de godlike yntervinsje him de hannen ôfsloech.

Nije tsjerke

bewurkje seksje

De hjoeddeiske Panagia Theoskepasti-tsjerke waard yn 1923 op 'e fûneminten fan 'e âldere Byzantynske tsjerke boud. De arsjitektuer fan de âldere tsjerke bleau dêrby bewarre. In folsleine restauraasje fan de hjoeddeiske tsjerke waard yn maart 2009 foltôge.

Yn 'e tsjerke wurde kostbere ikoanen bewarre. Dêrûnder is ek in mei sulver oerdutsen mirakuleus ikoan, wêrfan't oannommen wurdt dat it ien fan 'e santich ikoanen is dy't troch de evangelist Lukas skildere is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: