Tsjerke fan Pepergea
De Pieter Stuyvesanttsjerke (ek: Nikolaastsjerke) yn Pepergea wie de tsjerke fan de eardere herfoarme gemeente fan Pepergea. Yn 2000 ferlear it gebou de tsjerklike funksje. It is tsjinwurdich in kultureel sintrum, dêr't lêzings en konserten jûn wurde. Sunt 2008 draacht it oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde gebou de namme Pieter Stuyvesanttsjerke.
Pieter Stuyvesanttsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Pepergea | |
adres | Pepergeawei 12 | |
koördinaten | 52° 50' N 6° 02' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1810, toer 1500; ferheging yn 1537 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38872 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt âldste diel fan de tsjerke is de goatyske toer mei de achtsidige spits. It ûnderste diel is let-midsiuwsk. Yn 1537 is de toer neffens in gevelstien fan Bremer sânstien ferhege. De tsjerke is fan jongere datum en stamt út 1810 nei't de âlde tsjerke yn 1808 ôfbaarnde.[1] It ûnderste diel fan de tsjerke is fan in grutter soart bakstien dan de rest fan de tsjerke, dy't mooglik ôfkomstich is fan de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke.
Yn 1610 waard Pieter Stuyvesant yn de tsjerke doopt. Syn heit, Bathasar Stuyvesant wie dûmny fan de gemeente.
Troch gearfoeging fan de gemeenten rekke it gebou oerstallich. Tsjerklik binne de protestantske leden fan Pepergea tsjintwurdich yndield by de PKN gemeente Willemsoard-Pepergea-Blesdike.
De tsjerke is nei it bûten gebrûk stellen troch de protestantske gemeente in pear kear fan eigner wiksele. Yn 2014 waard de tsjerke op de Eerste Amsterdamse Onroerend Goed Veiling ferkocht oan fiif belizzers yn ûnreplik guod út de Rânestêd, dy't reparaasjes oan it gebou lieten útfiere.[2]
Ynrjochting
bewurkje seksjeFan de ynrjochting bleau de preekstoel bewarre. De tsjerkebanken binne der út sloopt. Oer de flier lizze fjouwer sarken. Dêrûnder ek in goatyske preestersark.
Oargel
bewurkje seksjeIt piipoargel yn de tsjerke waard yn 1903-1904 foar de grifformearde tsjerke fan Schoonebeek boud troch Jan Proper út Kampen. It ynstrumint waard yn 1950 oernommen troch de grifformearde tsjerke fan Woldendorp, dy't yn 2005 sletten en yn 2018 ôfbrutsen waard. It oargel waard oankocht troch Ruud van der Hoeven, dy't it ynstrumint yn de tsjerke fan Pepergea sette liet. Op 22 maart 2008 waard it ynstrumint mei in iepen dei yn de Pieter Stuyvesanttsjerke yn gebrûk nommen. It Proper-oargel ferfong in net mear goed wurkjend oargel út 1912 fan H.J. van der Molen út Stienwyk.[3]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|