Twakleurige heaflinter

(Trochferwiisd fan Twakleurige Heaflinter)
Twakleurige heaflinter
Coenonympha arcania bl.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymphalidae)
soarte
Coenonympha arcania

De twakleurige heaflinter (Coenonympha arcania) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae).

FerspriedingBewurkje

Sûnt 1988 is dizze flinter yn Nederlân net mear te finen. Earder kaam dizze soarte noch foar op de Feluwe en yn de buert fan Nymwegen. De Twakleurige Heaflinter is noch al te finen yn de Ardinnen en de Eifel. De flinter hâldt fan drûge waarme greiden mei beskutting fan boskrânen. It is honkfêste soarte.

Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân.

FlinterBewurkje

De wjuklingte is likernôch 18 mm. De boppekant fan de foarwjuk is oranje mei in donkerbrune râne. De efterwjuk is brún. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in rige eachplakken. De mantsjes hawwe spitsere wjukken as de wyfkes.

FleantiidBewurkje

De flinter fljocht fan begjin juny ôf oant begjin augustus, foaral ein juny. De Twakleurige Heaflinter fljocht altyd yn ien generaasje.

RûpBewurkje

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in gerspôle.

De rûp fret ferskillende gerssoarten lykas skieppegers, miedegers, spanjer, pearelgers, ringers en finnige koartstâle.