Twakleurige heaflinter
De twakleurige heaflinter (Coenonympha arcania) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymphalidae).
twakleurige heaflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Coenonympha arcania | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeSûnt 1988 is dizze flinter yn Nederlân net mear te finen. Earder kaam dizze soarte noch foar op de Feluwe en yn de buert fan Nymwegen. De Twakleurige Heaflinter is noch al te finen yn de Ardinnen en de Eifel. De flinter hâldt fan drûge waarme greiden mei beskutting fan boskrânen. It is honkfêste soarte.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is likernôch 18 mm. De boppekant fan de foarwjuk is oranje mei in donkerbrune râne. De efterwjuk is brún. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in rige eachplakken. De mantsjes hawwe spitsere wjukken as de wyfkes.
-
Coenonympha arcania ♂
-
Coenonympha arcania ♂ △
-
Coenonympha arcania ♀
-
Coenonympha arcania ♀ △
Fleantiid
bewurkje seksjeDe flinter fljocht fan begjin juny ôf oant begjin augustus, foaral ein juny. De twakleurige heaflinter fljocht altyd yn ien generaasje.
Rûp
bewurkje seksjeDe rûp oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in gerspôle.
De rûp fret ferskillende gerssoarten lykas skieppegers, miedegers, spanjer, pearelgers, ringers en finnige koartstâle.