Twickenham Studios

(Trochferwiisd fan Twickenham Film Studios)

De Twickenham Studios, foarhinne de Twickenham Film Studios, binne in studiokompleks yn 'e Britske haadstêd Londen, dêr't de opnamen foar in protte films en tillefyzjeprogramma's plakfine. De Twickenham Studios waarden al yn 1913 oprjochte. Doedestiden foarmen se it grutste studiokompleks fan it Feriene Keninkryk. Yn 2012 drige it bedriuw bankrot te gean, krekt in jier foar syn hûndertjierrich bestean. Mei in nije eigner koe der lykwols in trochstart makke wurde.

Twickenham Studios
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Londen (Ingelân)
oprjochte 1913
oprjochter Ralph Jupp
offisjele webside
www.twickenhamstudios.com
kaart
Twickenham Studios (Grut-Londen)
Twickenham Studios
Lokaasje yn Londen.

De Twickenham Film Studios waarden yn 1913 oprjochte troch Ralph Jupp, de algemien direkteur fan 'e doe nij stifte London Film Company. De gebouwen foar it studiokompleks kamen op it plak fan in eardere iisbaan yn 'e buert St Margarets, yn 'e Londenske borough Richmond upon Thames. Doedestiden wiene de Twickenham Studios it grutste studiokompleks fan it Feriene Keninkryk, en de London Film Company wie yn 'e Earste Wrâldoarloch de liedende filmproduksjemaatskippij fan it lân. Nei de oarloch rekke it lykwols mei it bedriuw yn 'e nederklits, en yn 1920 gie it fallyt. De Twickenham Studios waarden ferkocht en neitiid brûkt foar ferskate ûnôfhinklike filmproduksjes.

Yn 'e 1930-er jierren kaam it kompleks ûnder it bewâld fan Julius Hagen. Dyselde boude it bedriuw op mei it meitsjen fan saneamde quota quickies ("kwoatumfluggerkes") foar Amerikaanske filmstudio's. Doedestiden wiene bûtenlânske filmstudio's nammentlik by wet ferplichte om in beskaat tal films yn it Feriene Keninkryk te meitsjen as se harren bûtenlânske produksjes yn 'e Britske bioskopen útbringe woene (wat se beslist woene om't dat tige lukratyf wie). Nei it súkses fan The Private Life of Henry VIII (1933) fan Alexander Korda krige Hagen belangstelling foar it meitsjen fan Britske films dy't yn 'e Feriene Steaten útbrocht wurde koene. Neitiid waarden der yn 'e Twickenham Studios produksjes fan hegere kwaliteit makke, lykas This Week of Grace (1933), Scrooge (1935) en Spy of Napoleon (1936). Om dat mooglik te meitsjen liet Hagen it studiokompleks foar £100.000 opkallefaterje en kocht er ek bykommende studioromte yn oare dielen fan Londen oan. Teffens briek er mei de fêstige filmdistributeurs en besocht er de films fan Twickenham sels te besoargjen. Dat wie lykwols in misse set, mei't de grutte Amerikaanske studio's him de tagong ta de Amerikaanske distribúsjemerk ûntseine, wylst syn films yn eigen lân net populêr blieken. Fan gefolgen gie Hagen yn 1937 bankrot, wêrnei't foar de Twickenham Studios in nije snuorje folge mei lytse ûnôfhinklike produksjes.

Yn 1946 foarme Alfred Shipman it bedriuw Alliance Film Studios, dat behalven de Twickenham Studios yn Londen ek de Riverside Studios en de Southall Studios oankocht. Nei syn ferstjerren yn 1956 gie it bedriuw oer op syn beide soannen, Gerald en Kenneth. Dy lêste liet de studio's letter oan syn broer oer en rjochte sels filmdistributeur Alliance Film Distributors op.

Yn 'e 1960-er jierren waarden yn 'e Twickenham Studios sokke filmklassikers opnommen as Alfie (1966), mei Michael Caine, The Italian Job (1969), mei Caine en Noël Coward, en Repulsion (1965), de earste Ingelsktalige film fan 'e Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski. Yn dyselde snuorje waarden ek de earste beide films fan The Beatles yn 'e Twickenham Studios filme: A Hard Day's Night (1964) en Help! (1965). Ek yn lettere desennia waarden ferskate grutte en bekende filmproduksjes yn it studiokompleks draaid.

Yn febrewaris 2012 waard oankundige dat de Twickenham Studios fallyt wiene en dat se yn ferbân dêrmei yn juny fan dat jier tichtgean soene. Dat wie kwealk in jier foar it hûndertjierrich bestean fan it kompleks. It bedriuw koe neitiid lykwols, troch it oantreden fan in nije eigner, yn augustus 2012 in trochstart meitsje. Yn febrewaris 2020 waarden de Twickenham Studios oernommen troch The Creative District Improvement Company, mei finansjele stipe fan it British Airways Pinsjoenfûns. Mei it bedriuw Time + Space Studios waard in langjierrich kontrakt sletten foar de eksploitaasje fan it studiokompleks.

Fasiliteiten

bewurkje seksje

De Twickenham Studios omfiemje trije soundstages fan ferskillende grutte, dy't lûdticht binne en elts har eigen klaaikeamers, filmstjerapparteminten, kamerakeamers en romten foar fisazjy en hierstilearring hawwe. Rekwisitekeamers en kantoarromte wurde dield troch de trije soundstages. It grutste is Stage 1, dat in grutte betonnen wettertank hat dy't him befynt ûnder wat almeast de flier is. In kameraput kin troch in glêzen sydkant yn it wetterreservoir filmje. De Twickenham Studios omfetsje ek ultramoderne fasiliteiten foar de postproduksje, yn 't bysûnder foar filmmontaazje. De kearn dêrfan is it saneamde Richard Attenborough Theatre, ferneamd nei de bekende regisseur en akteur sir Richard Attenborough, dy't foarhinne de ôfwurking fan syn films yn 'e Twickenham Studios die.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Twickenham Studios opnommen binne:


Yn 'e Twickenham Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Agatha Christie's Poirot (1990), Teletubbies (2015-2018) en Inside No. 9 (fan 2015 ôf). Ek de tillefyzjekwis Tipping Point waard fan 2015 oant 2016 yn 'e Twickenham Studios filme.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.