UK Adult Film and Television Award
De UK Adult Film and Television Awards of UKAFTA Awards (of koartwei UKAFTA's) wiene in groep Britske prizen dy't ienris yn it jier takend waarden foar de bêste pornografyske films. De namme fan dizze prizen wie mei sin modellearre nei de wichtichste Britske mainstream-filmpriis, de BAFTA. De UKAFTA's waarden útrikt troch it pornolabel Redzone Pictures en de UK Adult Producers Trade Association (UKAPTA) mei as doel om 'e Britske pornoyndustry te promoatsjen. De earste útrikking waard holden op 17 novimber 2006 yn it Hammersmith Palais te Londen, en waard presintearre troch de Britske pornoprodusint, -regisseur en -akteur Ben Dover.
UK Adult Film and Television Award (UKAFTA) | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
útrikt foar | pornografyske film | |
útrikt troch | Redzone Pictures en de UKAPTA | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | novimber | |
plak | Londen (Ingelân) | |
ynsteld | 2006 | |
1e útrikking | 2006 | |
opheft | 2008 | |
offisjele webside | ||
www.ukafta.com |
Der wiene likernôch tritich ûnderskate kategoryen, wêrmei't sawol aktearprestaasjes en rezjy, as produksje en technyk eare waarden. De UKAFTA's besloegen net allinnich de media film en tillefyzje, sa't de namme al oanjout, mar teffens ynternet. Der wie harren lykwols net in lang libben beskern: de trêde útrikking, yn 2008, wie mei-iens ek de lêste. Men wol hawwe dat de UKAFTA's te sink gien binne oan ûnfoldwaande finansjele dekking kombinearre mei minne plenning en promoasje. Under de pornoaktrises dy't in UKAFTA wûn hawwe, binne Savannah Gold, Carmel Moore en Carmella Bing.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |