Haadmenu iepenje

USAF-flecht 21 wie in flecht fan in Boeing CT-43A fan 'e Amerikaanske Loftmacht (USAF) dy't op 3 april 1996 ferûngelokke koart foar er lânje sillen hie op it fleanfjild by de Kroätyske stêd Dubrovnik, oan 'e kust fan 'e Adriatyske See. Alle 35 ynsittenden kamen by dizze fleanramp om it libben, ûnder wa de Amerikaanske minister fan Hannel Ron Brown. Ut ûndersyk die bliken dat de ramp foar 't neist feroarsake wie troch minsklik falen troch hastigens en ferâldere fleanfjildfasiliteiten. Hoewol't it op 'e tiid fan it ûngelok by Dubrovnik min waar wie, waard fêststeld dat dy omstannichheid net neamensweardich oan 'e ramp bydroegen hie.

USAF-flecht 21
In helikopter fan 'e Amerikaanske Loftmacht hinget boppe it plak fan 'e ramp. Op 'e foargrûn: de sturt fan USAF-flecht 21.
In helikopter fan 'e Amerikaanske Loftmacht hinget boppe it plak fan 'e ramp. Op 'e foargrûn: de sturt fan USAF-flecht 21.
bysûnderheden
type ramp fleanramp
oarsaak minsklik falen troch hastigens
en ferâldere fleanfjildfasiliteiten
datum 3 april 1996
tiid 14.57 oere
plak Dubrovnik
lân Flag of Croatia.svg Kroaasje
statistiken
deaden 34
ferwûnen 1 (letter stoarn)
net-ferwûnen 0

Ynhâld

RampBewurkje

De fleanmasine dy't foar USAF-flecht 21 ynset wie, wie in Boeing CT-43A fan it 76e Airlift Squadron fan 'e 86e Airlift Wing fan 'e Amerikaanske Loftmacht (United States Air Force, USAF), dy't stasjonearre wie op 'e Loftmachtbasis Ramstein, yn Dútslân, net fier fan Frankfurt ôf. Dit fleantúch, yn syn basisfoarm in Boeing 737-200, wie oarspronklik boud as in T-43A-lesfleanmasine, mar letter omboud ta in CT-43A-transportfleantúch, bedoeld foar it ferfier fan pommeranten. USAF-flecht 21 ferfierde in hannelsmisje fan it Amerikaanske regear en begeliedende leden fan it bedriuwslibben en de parse. Oan board wiene de Amerikaanske minister fan Hannel Ron Brown, de bekende sjoernalist fan 'e New York Times Nathaniel C. Nash, en 32 oare persoanen.

Flecht 21, mei callsign IFO 21 (in ôfkoarting foar Implementation Force), stige op 'e moarn fan 3 april 1996 op fan 'e ynternasjonale lofthaven fan 'e Kroätyske haadstêd Zagreb, en makke in tuskenlâning op 'e ynternasjonale lofthaven fan Tuzla, yn 'e Moslim-Kroätyske Federaasje fan Bosnje-Hertsegovina. De bestimming fan 'e flecht wie it Čilipi-fleanfjild by Dubrovnik, in Kroätyske stêd oan 'e kust fan 'e Adriatyske See. Dat plak wie ûnder de Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch yn 1991-1992 lange tiid belegere troch troepen fan it Joegoslavyske Folksleger, dy't mei artillerybesjittings oansjenlike skea yn 'e stêd oanrjochte hiene. It besyk fan 'e Amerikaanske hannelsmisje oan Dubrovnik wie sadwaande benammen fan symboalyske betsjutting.

 
De lokaasje fan Dubrovnik yn Kroaasje.

Op 'e oanfleanrûte foar de lâning op baan 21 fan it Čilipi-fleanfjild miste USAF-flecht 12 in bocht, wêrnei't it tastel himsels om 14.57 oere middeis tsjin in heuvel oan tepletter fleach. Dêrby fûnen 34 fan 'e 35 ynsittenden daliks de dea; de iennichste oerlibbene wie sersjant Shelly Kelly, dy't as stewardess fungearre hie. Sy stoar lykwols ear't se nei it sikehûs tabrocht wurde koe. De rêdingsoperaasje kaam dreech op gong fanwegen it minne waar en de drege berikberens fan it rampplak, op in heuvel fan 700 m heech.

UndersykBewurkje

It ûndersyk nei de fleanramp waard der net makliker op makke trochdat de militêre ferzje fan 'e CT-43A, oars as de ferzje dy't foar de boargerloftfeart brûkt waard, net tarist wie mie in flightdatarecorder, noch mei in cockpitvoicerecorder (de saneamde swarte doazen, hoewol't se eins fel oranje fan kleur binne). Nettsjinsteande dat wisten de ûndersikers fan 'e ûngemakûndersyksried fan 'e Amerikaanske Loftmacht dochs de tadracht fan 'e ramp te efterheljen. De wichtichste oarsaken wiene, neffens it úteinlik ûndersyksrapport, it falen fan 'e kommandostruktuer, it falen fan 'e piloaten en in ûngaadlik ûntwurpen en ferâldere proseduere foar oanfleanen op 'e ynstruminten. It minne waar hie neffens it rapport net substansjeel bydroegen oan 'e ramp.

De oanfleanrûte fan it Čilipi-fleanfjild makke gebrûk fan in non-direksjoneel beaken (NDB) foar oanfleanen as it sicht út 'e cockpit wei beheind wie, sa't dat yn it gefal fan flecht 21 troch it minne waar yndie wie. Dêrfoar moasten de piloaten folslein op 'e fleanynstruminten fertrouwe. Sokke oanfleanrûtes wiene yn 'e 1990-er jierren al ferâldere, en kamen yn 'e Feriene Steaten sa goed as net mear foar. Bûten de Feriene Steaten waarden se lykwols yn in hiel soad lannen noch folop brûkt. It probleem wie dat Amerikaanske piloaten gjin ûnderfining mear hiene mei dizze wize fan oanfleanen.

 
Plattegrûn fan 'e fleanramp.

Boppedat beskikte USAF-flecht 21 net oer de apparatuer dy't nedich wie om sa'n oanfleanrûte súksesfol ôf te lizzen. Dêrfoar wie nammentlik ferlet fan twa funksjonearjende radiorjochtingsikers, ien om 'e koerts fan 119° yn ferhâlding ta it NDB op it eilân Koločep fêst te hâlden, en in twaddenien om oan 'e hân fan it NDB by it plak Cavtat te beoardieljen wannear't it tiid wie om 'e bocht nei it Čilipi-fleanfjild yn te setten. Flecht 21 beskikte lykwols mar oer ien funksjonearjende radiorjochtingssiker, en dêrom hie dit fleantúch nea dizze oanfleanrûte brûke mocht, in oanfleanrûte dy't boppedat ek net goedkard wie troch it Amerikaanske Ministearje fan Definsje.

It rapport spekulearre dat hastigens om 'e diplomatike delegaasje op it plak fan bestimming te krijen, wierskynlik in rol spile hat by de beslissing fan 'e piloaten om 'e regels op dit mêd te negearjen. Teffens lei de oanfleansnelheid fierstente heech, op 80 knopen (150 km/h) boppe de korrekte oanfleansnelheid. Ek dat soe wize kinne op hastigens.

It plak fan 'e ramp, net fier fan 'e top op in heuvel fan 700 m heech, lei op 2,6 km ôfstân nei it noardeasten fan wêr't flecht 21 op dat stuit wêze moatten hie as de oanfleanrûte korrekt ôflein wie. It fleantúch wie troch in delling flein, mei op it punt dêr't it fan koerts ôf rekke in minimumhichte fan 2.150 foet (660 m). Dêrwei soe it nei rjochts draaid hawwe moatte en hie it wer fierder opstige moatten as fan dat punt ôf de lâningsbaan net mei it bleate each te sjen wie. De lâningsbaan sels lei op 160 m boppe seenivo. Fiif oare fleantugen wiene der dyselde deis sûnder swierrichheden lâne. USAF-flecht 21 stjoerde foar it delstoarten gjin maydayrop út, noch begûnen de piloaten in miste-oanfleanrûteproseduere. Dêrút kin opmakke wurde dat it fleantúch wierskynlik folslein ferdwaald wie sûnder dat de piloaten dat beseften.

NeisleepBewurkje

De haadferkearslieder fan it Čilipi-fleanfjild, Niko Jerkuić, waard trije dagen nei de ramp dea oantroffen mei in kûgelwûne yn syn boarst en in pistoal yn 'e hân. In plysjeûndersyk konkludearre dat de man himsels tekoart dien hie.

Op it plak fan 'e ramp mei USAF-flecht 21 stiet no ta oantins in grut roastfrij stielen krús. Der rint in kuierpaad hinne dat de namme fan it 'Ronald Brownpaad' draacht, nei de ferûngelokke Amerikaanske minister. Yn 'e âlde binnenstêd fan Dubrovnik is in hûs wijd oan 'e ramp, dêr't yn in oantinskeamer portretten fan 'e slachtoffers hingje en in gasteboek leit dêr't besikers persoanlike boadskippen yn opskriuwe kinne.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.