Undertiteling
Undertiteling (net te betiizjen mei in ûndertitel) is de dialooch of voice-over fan in film, tillefyzjeprogramma of kompjûterspultsje yn 'e foarm fan tekst werjûn ûnder yn byld (dêrfandinne de namme). It kin ek boppe yn byld werjûn wurde as der ûnder yn byld al tekst stiet (by dokumintêres bygelyks de namme fan 'e persoan dy't oan it wurd komt). By live operafoarstellings wurdt tsjintwurdich de songen tekst ek wol op in byldskerm boppe it poadium werjûn; men sprekt dan fan boppetiteling. Undertiteling is yn 'e regel wyt fan kleur, mar kin ek yn giel werjûn wurde as de eftergrûn wyt is. Yn guon lannen (lykas Nederlân) wurdt ûndertiteling op 'e tillefyzje in soad tapast; oare lannen jouwe ynstee de foarkar oan neisyngronisaasje. Undertiteling is net itselde as in oersetting; om't der mar in frij beheinde romte is om mei te wurkjen, moat de ûndertiteler de oarspronklike tekst soms hielendal omsmite of der stikken út weilitte. Op dvd en blu-ray kin 'e ûndertiteling faak troch de sjogger sels ynsteld wurde. Undertiteling as algemien ferskynsel waard yn 1929 yn films yntrodusearre, koart nei't de stomme film it ôflein hie tsjin 'e lûdsfilm.
Redens
bewurkje seksjeDe wichtichste reden om ûndertiteling oan in film of tillefyzjeprogramma ta te foegjen is dat yn dy film of dat programma sprutsen wurdt yn in oare taal as de taal dy't foar de grutte mearderheid fan 'e sjoggers de memmetaal is. Dêrom wurdt in Ingelsktalige film yn Nederlân Nederlânsktalich ûndertitele, en jildt itselde foar de Frysktalige programma's fan Omrop Fryslân as dy troch de NPO lanlik útstjoerd wurde. Undertiteling kin ek tapast wurde as de sprekker min te ferstean is, mei in swier aksint praat of as syn of har stim mei opsetsin ferfoarme is om identifikaasje foar te kommen. Ek songen teksten (benammen yn op 'e tillefyzje útstjoerde registraasjes fan opera's en tsjerketsjinsten) wurde wol ûndertitele om't se dreech te ferstean binne, en op lofthavens wurde ynstruksjefideo's ûndertitele omreden fan omjouwingslawaai.
Fierders komt it ek foar dat Nederlânske produksjes op 'e Flaamske tillefyzje ûndertitele wurde en oarsom, ek al wurdt yn beide lannen deselde taal brûkt. Dat komt om't in protte Flamingen muoite hawwe om Nederlanners te ferstean wylst in soad Nederlanners Flamingen net goed folgje kinne. Yn it foarste plak hat dat te krijen mei aksinten en (soms) dialekten, mar ek mei in wurdskat dy't net selden frij sterk útinoar rint. Foarbylden fan Nederlânske produksjes dy't op 'e Flaamske tillefyzje ûndertiteling krije, binne Expeditie Robinson, Baantjer, Gooische Vrouwen en Meiden van De Wit. Oarsom wurde yn Nederlân programma's as Jambers en Spoed ûndertitele.
In hiele oare reden foar ûndertiteling is om films en tillefyzje tagonklik te meitsjen foar dôven en minsken dy't staf binne. Yn Nederlân wurdt ûndertiteling foar dôve en staffe minsken regele fia teletekst. Dat soarte ûndertiteling is folsleiner as 'gewoane' ûndertiteling, mei't ek de eftergrûnlûden deryn fermelden wurde. Yn tillefyzjegidsen wurdt yn 'e programmalisten mei in haadletter T efter de titel oanjûn foar hokker programma oft teletekstûndertiteling beskikber is. Noch net alle Nederlânsktalige tillefyzjeprogramma's wurde op dy wize fan ûndertiteling foarsjoen. Oer it algemien docht de NPO op dat mêd mear as de kommersjele tillefyzjestjoerders. De kommersjelen wolle dêr krekt as de publike omroppen subsydzje foar krije fan 'e Nederlânske oerheid, mar dy ornearret dat de kommersjele stjoerders dêr it jild sels wol foar hawwe. Boppedat is RTL Nederlân (RTL 4, RTL 5, RTL 7 en RTL 8) foar de wet in Lúksemboarchsk bedriuw dat net yn oanmerking komt foar subsidiëarring troch de Nederlânske oerheid.
Ynsidinteel komt ûndertiteling ek foar by wize fan útlis, bygelyks as der yn in fraachpetear in wurd brûkt wurdt wêrfan't de programmamakkers ûnderstelle dat de measte minsken it net kenne. Ek sjocht men soms in ûndertitel foar de dúdlikheid, bygelyks: "Dit ynterview waard opnommen foàr 11 septimber 2001."
Undertiteling en neisyngronisaasje
bewurkje seksjeNjonken ûndertiteling bestiet der noch in oare manear dy't in soad brûkt wurdt om films en tillefyzjeprogramma's yn in oare taal begryplik te meitsjen: neisyngronisaasje. Dêrby wurdt de dialooch fan 'e akteurs yn oersette foarm ynsprutsen troch stimakteurs.
- Yn Jeropa meitsje Nederlân, Flaanderen, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Denemark, Sweden, Noarwegen, Iislân, Finlân, Estlân, Portegal, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje, Montenegro, Servje, Kosovo, Albaanje, Noard-Masedoanje, Grikelân, Syprus, Roemeenje en Moldaavje gebrûk fan ûndertiteling. Yn dy lannen wurdt neisyngronisaasje inkeld brûkt foar (in diel fan 'e) berneprogramma's.
- Yn Bulgarije en Turkije wurdt sawol ûndertiteling as neisyngronisaasje brûkt.
- Yn Dútslân, Eastenryk, Switserlân, Lychtenstein, Lúksemboarch, Walloanje, Frankryk, Monako, Andorra, Spanje, Itaalje, Malta, San Marino, Tsjechje, Slowakije en Hongarije makket men inkeld gebrûk fan neisyngronisaasje.
- Yn Poalen, Litouwen, Letlân, Wyt-Ruslân, de Oekraïne en Ruslân is in kommentaarfertaling gebrûklik, wêrby't it lûd fan 'e stimmen fan akteurs sunich set wurdt en in voice-over fertelt wat der sein wurdt.
Bûten Jeropa wurdt gebrûk makke fan ûndertiteling (mar net altyd eksklusyf) yn û.m. de Feriene Steaten, in soad Latynsk-Amerikaanske lannen, Armeenje, Israel, de Arabyske wrâld, Súd-Afrika, Sina, Taiwan, Japan, Yndia, Yndoneezje en Austraalje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |