Amerikaansk Folkstellingsburo

(Trochferwiisd fan United States Census Bureau)

It Amerikaansk Folkstellingsburo (Ingelsk: United States Census Bureau of offisjeel it Bureau of the Census) is in buro dat himsels dwaande hâldt mei de folkstelling yn de Feriene Steaten en is in agintskip fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken. De befolking wurdt ienris yn de 10 jier teld en it tal sitten yn it Hûs fan Offurdigen wurdt hjir fan ôflaat. Der wurdt ek ûndersocht nei oare mêden lykas, befolking (âldens, ynkommen), ekonomy en geografy. De haad fan it Folkstellingsburo is in direkteur, bystien troch in twadde direkteur en it haad kantoar stiet yn Washington, D.C..

Logo
Kaart fan ôfdielings en harren wurkgebiet.

It United States Census Bureau is opdield yn 4 goaen en 12 ûndergoaen:

  • Noardeasten
    • Nij-Ingelân
    • Mid-Atlantyske Kust
  • Midwesten
    • Eastlik Noard Midden
    • Westlik Noard Midden
  • Westen
    • Pasifyske steaten
    • Berchsteaten
  • Suden
    • Westlik Súd Midden
    • Eastlik Súd Midden
    • Súd-Atlantyske Kust

Der binne regionale kantoaren yn 12 stêden: Boston, New York, Philadelphia, Detroit, Chicago, Kansas City, Seattle, Charlotte, Atlanta, Dallas, Denver en Los Angeles.

Keppeling om utens

bewurkje seksje