Universiteit fan Stockholm
De Universiteit fan Stockholm (Stockholms universitet) is in steatsuniversiteit yn Stockholm. It is ien fan de 16 hegeskoallen en universiteiten yn de Sweedske haadstêd. De universiteit waard yn 1878 oprjochte en beheart ta de bêste hûndert hegeskoallen fan de wrâld.[1]
Universiteit | ||
Namme | ||
Latynske namme | Universitas Stockholmiensis | |
Lokaasje | ||
Lân | Sweden | |
Plak | Stockholm | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1878 | |
Rektor | Astrid Söderbergh Widding | |
Tal studinten | 69.723 (2014) | |
Tal meiwurkers | Akademysk 3354 (2013) administratyf 1578 (2013) | |
Netwurken | EUA, SUHF | |
Offisjele webside | ||
www.su.se |
Fakulteiten
bewurkje seksjeDe universiteit hat fjouwer fakulteiten:
- Natuerwittenskippen - sûnt it begjin
- Rjochten - 1907
- Geasteswittenskippen - 1920
- Sosjale wittenskippen - 1964
De measte fakulteiten sitte op it grutte universiteitskomplek bûten it sintrum dat in eigen metrostasjon (Universitet) hat.
Bekende ferfesters en studinten
bewurkje seksjeNobelpriiswinners
bewurkje seksje- Svante Arrhenius (1859–1927), skiekundige
- Hans von Euler-Chelpin (1873–1964), skiekundige
- George de Hevesy (1885–1966), skiekundige
- Paul J. Crutzen (1933-2021), meteorolooch
Oaren
bewurkje seksje- Ingmar Bergman, regisseur
- Dag Hammarskjöld, sektaris-generaal fan de FN
- Olof Palme, Sweedsk ministerpresidint
- Tomas Tranströmer, winner Nobelpriis foar de Literatuer 2011
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Universität Stockholm fan Wikimedia Commons. |