Frije Universiteit
De Frije Universiteit (faak ôfkoarten ta FU, soms mei de plaknamme útwreide ta Frije Universiteit Amsterdam) is de ienige algemiene protestantske universiteit fan Nederlân. It FU-kompleks leit oan de De Boeleleane yn stedsdiel Suderamstel.
Frije Universiteit Amsterdam | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | VU University Amsterdam | |
Latynske namme | Universitas Libera (Amstelodamensis of Reformata) | |
Lokaasje | ||
Lân | Nederlân | |
Plak | Amsterdam | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Bysûnder ûnderwiis | |
Oprjochting | 1880 | |
Rektor | Prof. dr. Vinod Subramaniam | |
Tal studinten | 24.517 (2012) | |
Netwurken | EUA, SAE, Santander | |
Offisjele webside | ||
www.vu.nl |
Fermidden
bewurkje seksjeDe FU is ien fan de twa universiteiten yn Amsterdam. De oare is de Universiteit fan Amsterdam. De FU hat ek in eigen akademysk sikehûs, it FUmc. De universiteit wurket nau gear mei de Kristlike Hegeskoalle Windesheim yn Swol.
Skiednis
bewurkje seksjeDe FU is oprjochte op 20 oktober 1880 troch in groep otterdoks-protestantske kristenen ûnder lieding fan Abraham Kuyper (ek oprjochter fan de Anti Revolúsjonêre Partij). It wurd frij yn de namme doelt op it frij wêzen fan bemuoienissen fan tsjerke en steat, omt hja allinnich bûn is oan it wurd fan God.
De skiednis fan de FU wurdt beskreaun yn it boek Een hoeksteen in het verzuild bestel: de Vrije Universiteit 1880-2005 (In hoekstien yn it ferpyldere. De Frije Universiteit 1880-2005) ISBN 90-351-2867-2, 2005, troch Arie van Deursen.
Griffioen
bewurkje seksjeIt byldmerk fan de FU is de griffioen. Dit fabelbist út de easterske en Grykske âldheid hat it ûnderliif fan in liuw, de kop en wjukken fan in earn en de earen fan in hynder. De demystifisearre bynamme fan de griffioen is lykwols 'FU-hin'. De griffioen stiet foar it wittenskiplike én foar it 'frije' fan de FU: midden yn de werklikheid, nijsgjirrich, dynamysk en net-foar-ien-útlis fetber.
Personiel
bewurkje seksjeYn 2005 hie de FU ûngefear 3600 meiwurkers (wêrfan 2000 yn wittenskiplike funksjes, wêrûnder sa'n 300 heechleararen).
Rektor Magnifikus
bewurkje seksjeSûnt 2006 is Lex Bouter Rector Magnificus fan de FU. Hy folget hjirmei Taede Sminia op dy't sûnt 1997 dizze funksje hie.
Bekende persoanen ferbûn oan de FU
bewurkje seksje- Andrew S. Tanenbaum, auteur fan bekende boeken as "Computer Networks", "Computer Organization" en "Operating Systems Design and Implementation" is professor oan de Fakulteit fan 'e Eksakte Wittenskippen.
- Jan Smit, ien fan de grûnlizzers fan de ynslachtéory foar it útstjerren fan de dinosaurussen, is heechlearaar oan de Fakulteit fan Ierd- en Libbenswittenskippen.
- Peter Nijkamp, foarsitter fan de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk, is heechlearaar oan de Fakulteit fan 'e Ekonomyske Wittenskippen.
- Jet Bussemaker, lid fan de Twadde Keamer (PvdA), is ûndersiker oan de ôfdieling Politikology fan de Frije Universiteit.
- Jan Jacob van Dijk, lid fan de Twadde Keamer (CDA), is heechlearaar kristlik-sosjaal.
De FU en har studinten
bewurkje seksjeTroch de jierren hinne hat de Frije Universiteit hieltyd mear in algemien-kristlik karakter krigen. De kristlike ynspiraasje fan de FU is ûnder oaren werom te finen yn har motto 'gewoan bysûnder'. It is in gewoane universiteit dêr't ûnderwiis en ûndersyk bedreaun wurde, en tagelyk in bysûndere fanwege har sterke maatskiplike belutsens. Der is relatyf in soad oandacht foar de libbensbeskôglike, kulturele en maatskiplike kanten fan de wittenskip. Mei hjirtroch hat de FU fergelike mei oare universiteiten yn Nederlân in soad allochtoane studinten. Boppedat is de earste imamoplieding fan Nederlân oan de FU fêstige.
It haadgebou fan de FU stie eartiids yn it sintrum fan Amsterdam. Troch it tanimmende oantal studinten ferhuze de universiteit yn 1973 nei de hjoeddeiske lokaasje oan de De Boeleleane. Yn 2006 hie de FU mear as 18.000 studinten. Hast tagelyk mei de universiteit is it ferbûn studintekorps ûntstien: it Studintenkorps oan de Frije Universiteit, ek wol L.A.N.X.. Oan de FU is in studintefakbûn aktyf, it SRVU.
Fakulteiten
bewurkje seksjeDe opliedingen fan de FU binne ûnderbrocht yn tolve fakulteiten. Elke fakulteit hat in beskaat wittenskipsgebiet. Dizze binne dan wer ûnderferdield yn spesifike fakgebieten. De tolve fakulteiten:
|
|
Alumni
bewurkje seksje- Jan Peter Balkenende, âld minister-presidint, wie dosint kristlik-sosjaal tinken oan de FU.
- Wouter Bos, âld partijlieder fan de PvdA hat ekonomy en politikology oan de FU studearre.
- Elco Brinkman, eardere CDA-partijlieder, studearre politikology en rjochten oan de FU.
- Wim Deetman, boargemaster fan Den Haach, studearre politikology oan de FU.
- Mient-Jan Faber, fredesaktivist, hat wis- en natuerkunde oan de FU studearre, en is der op 't heden bysûnder heechlearaar.
- Pim Fortuyn, de fermoarde partijlieder fan de LPF hat sosjology studearre oan de FU.
- Marijke Höweler, skriuwster, studearre psychology oan de FU.
- Dolf Jansen en Hans Sibbel, dy't tegearre it kabaretduo Lebbis en Jansen foarmje, ha beide oan de FU studearre.
- Atzo Nicolaï, steatssiktaris yn Balkenende I,II & III en minister yn Balkenende III, studearre steats- en bestjoersrjocht en politikology oan de FU.
- Ronald Plasterk, wie dosint Molekulêre Mikrobiology oan de FU.
- Gerrit Zalm, minister fan Finansjen yn it Kabinet-Kok I en II en Kabinet-Balkenende II en III, hat ek ekonomy studearre oan de FU.
- Piet-Hein Donner, minister fan Justysje yn de kabinetten Balkenende I, II en III studearre steatsrjocht oan de FU.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBekostige |
Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen | |
---|---|---|
Oanwiisd |
Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn | |
Ynternasjonaal | ||
Eardere universiteiten |
Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht | |
· · |