Kastiel Sypesteyn
Sypesteyn is in kastiel en museum yn Nij-Loasdrecht. Neffens de oerlevering skinkt greve Floaris V fan Hollân yn 1288 lân oan in Willem Nicolaassoan. (Hallinck). Dy soe dêrnei in hûs sette litten hawwe. De âldste fûndearrings fan Sypesteyn binne lykwols út ± 1500. Yn 1572 wurdt Aert Abramssoan fan Sijpesteijn beliend mei huijsinge ende hofstede. Yn 1589 wurde dy ferwoaste by fjochterij mei de Hear fan Mijnden.
Yn 1664 keapet Cornelis Ascanius de ruïne fan de 'principale Huijsinge ende hofstede'. Hy lit Sypesteyn fannijs opmeitsje en neamt him Hear fan Sijpesteijn. Al yn 1673 wurdt it hûs by gefjochten tusken Frânske troepen en soldaten fan steedhâlder Willem III wer ferwoaste. It lien bliuwt yn de famylje dy't oant de ôfskaffing yn de Bataafske Republyk soarget dat de jierlikse lienhulde oan de Hearen van Mijnden betelle wurdt. Yn 1804 ferkeapet de eigenaresse de grûn oan ien fan de bewenners fan de pleats op it terrein.
Yn 1901 keapet keapet jonkhear Henri fan Sypesteyn de âldfaars grûn werom. Op de fûneminten en mei boumateriaal fan ôfbrutsen histoaryske gebouwen, lykas it ferwoaste kastiel fan Abcoude en kastiel Vredenburg yn Utert, lit hy in sober stamslot herrize. Earst waard it poartegebou set, yn 1912 folgje de toer en it oarepart.
De lêste telch fan it geslacht Van Sypesteyn rjochtet syn kastiel yn as museum. Dêrta rjochtet er yn 1902 de Van Sypesteyn Stichting op. Hy bringt der in protte famyljeportretten ûnder, krektas syn samlingen keunst en ambachtskeunst, wêrûnder it seldsume Loosdrechts porselein. It ryksmonumint kin brûkt wurde as troulokaasje en ek it park deromhinne is it besjen wurdich.