Feneesje (stêd)
Feneesje of Fenesië (Italjaansk: Venezia, Fenesjaansk: Venezsia) is in stêd yn it noardeasten fan Itaalje. It leit oan de noardwestigge fan de Adriatyske See, eastlik fan Ferona, westlik fan Triëst en te noardeasten fan Bologna. It is haadstêd fan de regio Feneto en fan de provinsje mei deselde namme. Feneesje wie eartiids in wichtige stêd dat in grutte rol spile hat yn de wrâldskiednis. Tsjintwurdich wenje der om-ende-by 271.003 minsken (2003).
Feneesje Venezia, Venezsia | ||
De âlde stêd | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Feneto | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 261.321 (2018) | |
Oerflak | 414,6 km² | |
Befolkingsticht. | 653 / km² | |
Hichte | 0-1 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside |
Geografy
bewurkje seksjeTopografy
bewurkje seksjeFeneesje leit eastlik fan Ferona, westlik fan Triëst en ten noardeasten fan Bologna, oan de noardwestouwer fan de Adriatyske See.
De Lagune fan Feneesje is in lagune mei de eilannen:
- Murano (glasblazerijen)
- Torcello
- Burano mei kleuriger hûzen
- Lido
- Giudecca
- San Giorgio Maggiore
- Pellestrina
Fan it skiereilân ôf tsjinoer Feneesje, mei in protte akkommodaasjes yn Ca'Savio, Cavallino en Jesolo Lido, kin mei de boat oerfearn wurde fan Punta Sabbioni nei Feneesje.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeDe stêd bestiet út seis wiken, dy't sestiere (fan sesto, ien-seisde) hieten, te witten:
Skiednis
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske Feneesje leit op in kloft eilannen midden yn in lagune (de "Laguna Veneta") dat al yn de Romeinske tiid "Venetia" neamd waard. Sûnt 697, doe't de Republyk Feneesje stifte waard, wie der sprake fan in delsetting op ien fan dy eilannen, dêr't de bewenners in mienskip foarmen ûnder in doge (dux, 'hartoch'). Al gau ûntwikkele de stêd him ta in wichtige hannelsstêd oan de Adriatyske See. Rike keaplju hienen it der foar it sizzen, de doge kaam út harren midden wei, lykas de Grutte Rie.
Om-ende-by 1000 besette Feneesje grutte dielen fan Dalmaasje, letter ferwurf it Korfû foar de kust fan Grikelân. De doge Enrico Dandolo brûkte it leger fan de Fjirde Krústocht om Konstantinopel, de haadstêd fan it Byzantynske Ryk te oermasteren. Hy stelde in keizer nei eigen kar oan, en oant 1453 hie de stêd it bewâld oer in part fan dat ryk. Mei in oare hannelsstêd Genua hat Feneesje mei wikseljend súkses ferskate krigen útfochten (1299, 1353 en 1380). Yn de 14e iuw waard op it fêstelân in grut gebiet ferovere. Doe't er yn de 16e iuw in nije hannelsrûte nei Ynje ûntdutsen waard, rûn de wolfeart fan Feneesje stadichoan tebek. Yn 1797 oermastere Bonaparte it gebiet en waard de Republyk Feneesje opheft. Yn 1814 makke Feneesje diel út fan it Lombardysk-Fenesjiaansk keninkryk, ûnder Eastenryk. Yn 1848-1849 slagge it har dêr fan frij te meitsjen, mar waard troch Eastenryk werovere en earst yn 1866 by it nije keninkryk Itaalje foege.
Nijsgjirrichheden
bewurkje seksjeBouwurken
bewurkje seksje- De Basilyk fan San Marco, op it Piazza San Marco, is de tredde tsjerke op dat stee en datearet út likernôch 1060. It gebou húsmannet û.o. romaansk byldhouwurk, mozaïeken, marmer, brûnzen beylden en in fan edelstiennen foarsjoen altaarstik: de Pala d'Oro.
- It Palazzo Ducale, njonken de basilyk, giet tebek oant de 9e iuw en hat net allinnich tsjinst dien as wente fan de doge, mar ek as gerjochtshôf en as stedhûs. It gotyske masterwurk bestiet foar in diel út roaze marmer. Binnen befine him talrike keunstskatten, wêrûnder wurken fan Tintoretto, Veronese en Carpaccio.
- It San Marcoplein foar de basilyk is it grutste plein, en it ienige dat piazza hiet. Alle oare pleinen yn Feneesje hjitte in campo. Op it plein stiet sûnt de 12e iuw de Campanile, de toersklokken fan de Basilyk fan San Marco. Oan de noardwand fan it plein befynt him noch de Torre dell'Orologio, boud tusken 1496 en 1499 troch Mauro Codussi en is wonder fan technyk.
- De Basilica di Santa Maria Gloriosa dei Frari, in grutte gotyske tsjerke, befynt him yn it eastlike part fan de Sestiere San Polo, dy't yn it midden fan de 15e iuw ûntstie. It húsmannet ûnder mear skilderijen fan Titiaan en Bellini en it greve fan komponist Monteverdi.
- De San Zaccaria-tsjerke is ien fan meast typyske foarbylden fan de Fenetjaanske Renêssânsestyl.
- De Basilica di Santa Maria della Salute is i witte, byldbepalende tsjerke oan it súdlike ein fan it Canal Grande. Ek de mânske kleuren fasade fan de protte paleizen langs dat wetter lûke in soan minsken.
- It Fondaco dei Tedeschi (it magazyn fan de Dútsers) is in histoarysk byldbepalend gebou oan Canal Grande tichtby de Rialtobrêge dat nei ûntwerp fan Rem Koolhaas ferboud wurde sil ta winkelsintrum.
- De Scuola Grande di San Rocco stiet bekend om har muorre- en plafondskilderingen fan de keunstskilder Tintoretto.
- Yn it Getto, de Joadske wyk, befynt him noch fiif synagogen. De âldste is de Scuola Grande Tedesca út 1528.
- De Riva degli Schiavoni is de kade lâns it Canale di San Marco dêr't flaneare wurde kin mei in prachtich útsjocht. Oan de eastside befynt him in lyts bosk.
- De Bacino Orseolo, een opstapstee foar gondels.
- De Biblioteca Marciana op it Piazza San Marco, in bibleteek.
Tsjerken
bewurkje seksjeInkele bekende tsjerken binne:
- San Zaccaria
- San Michele
- Santa Maria dei Miracoli
- Basilyk fan San Marco
- Basilyk fan Santa Maria della Salute
- Basilica di Santa Maria Gloriosa dei Frari
- San Zanipolo
- Ognissanti
- Il Redentore
- Chiesa di San Salvador
- Chiesa di Santo Stefano
- Chiesa di San Moisè
Brêgen
bewurkje seksjeInkele bekende brêgen binne:
Paleizen
bewurkje seksjeInkele bekende paleizen binne:
- Palazzo Ducale
- Ca' Dario
- Palazzo Vendramin-Calergi
- Palazzo dei Camerlenghi
- Ca' Pesaro
- Ca' d'Oro
- Ca' Rezzonico
Musea
bewurkje seksje- Accademia di Belli Arti húsmannet wurk út de 14e oant en mei de 18e iuw: fan gotyk oant wurk fan Tiepolo
- Gallerie dell'Accademia
- Peggy Guggenheim Collection
- Fondazione Bevilacqua La Masa
- Museo Correr
- Museo Fortuny
- Palazzo Grassi
- It trijehoekige Punta della Dogana skiedt it Canal Grande en it Giudeccakanaal: it befetsje in permaninte tentoanstelling fan moderne keunst út de Kolleksje François Pinault
- Querini Stampalia Foundation Museum
- Galleria Internazionale d’Arte Moderna en Museo d'Arte Orientale, beide festige yn it Ca' Pesaro
Eveneminten
bewurkje seksjeDe Biënnale fan Feneesje is in keunstfestival dat al sûnt 1895 om it jier yn 'e stêd organisearre wurdt. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje wurdt elts jier yn augustus/septimber organisearre en is ien fan 'e trije meast foaroansteande filmfestivals fan 'e wrâld. It Karnaval fan Feneesje, dat elts jier yn it foarjier plakfynt, is wiidferneamd.
Fotogallery
bewurkje seksje-
"Basilica di San Marco"
-
Basilyk fan "Santa Maria della Salute"
-
"Piazza San Marco"
-
"Canal Grande" en de Rialtobrêge
-
Karnaval fan Feneesje