Vermilion Energy
Vermilion Energy is in ynternasjonaal konsern dy't him dwaande hâldt mei it winnen en de produksje fan oalje en gas dy't yn 1994 oprjochte waard. It hat syn haadkantoar yn it Kanadeeske Calgary en is warber yn Noard-Amearika, Jeropa en Austraalje. It bedriuw is notearre op de beurzen fan Toronto en New York.
Vermilion Energy Inc. | ||
algemien | ||
hist. namme | Vermilion Resources Ltd. | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
sektor | Petroleum | |
haadkertier | Calgary (Alberta, Kanada) | |
oprjochte | 1994 | |
sifers | ||
omset | $2,013 miljard (2018) | |
winst | $358,3 miljoen (desimber 2017) | |
aktyf yn | Noard-Amearika, Jeropa en Austraalje | |
wurknimmers | 1053 (septimber 2018) | |
offisjele webside | ||
vermilionenergy.com |
Skiednis
bewurkje seksjeVermilion begûn yn 1994 as Vermilion Resources Ltd. yn Alberta as in bedriuw dy't him talei op oalje en gas. Vermilion bea yn april 1996 ynearsten syn oandielen oan op de Alberta Stock Exchange foar $0,10 de oandiel. Yn 1997 kaam er op de Frânske merk.
Yn desimber 2002 foarme it bedriuw syn status om ta in trust en waard bekend ûnder de namme Vermilion Energy Trust. Yn septimber 2010 feroare it werom ta in korporaasje
Yn 2004 wreide Vermilion syn aktiviteiten út yn Nederlân. Yn 2009 kocht it bedriuw in oandiel fan 18,5% yn it Corrib-fjild yn Ierlân fan Marathon Oil, en dat woeks ta 20% doe't Shell yn 2018 út it projekt stapte.
Yn maart 2013 begûn Vermilion op de New York Stock Exchange te hanneljen ûnder it symboal "VET". Vermilion kaam op de Amerikaanske merk troch it yn 2014 oernimmen fan eigendommen yn it noardwesten fan Wyoming. Yn febrewaris 2014 bemachtige Vermilion foar 25% in meidoggerskontrakt yn in konsortium besteande út fjouwer partners yn Dútslân fan GDF Suez.
Yn april 2018 makke Vermilion it oernimmen fan Spartan Energy, in lichte oaljeprodusint fan Saskatchewan buorkundig, foar $1,4 miljard.
Yn 2021 kocht Vermilion foar $434 miljoen in oandiel fan 36,5% yn Equinor, in Noarsk enerzjybedriuw, dêr't syn oandiel yn it gasfjild oant 56,5% mei tanaam.
Yn Nederlân
bewurkje seksjeIt haadkantoar fan Vermilion Nederlân stiet yn Harns.[1].
Yn Nederlân sette Vermilion yn 2015 útein mei it boarjen yn Stienwikerlân, Westerfjild en Weststellingwerf en wreide syn boarrings neitiids út. Bewenners fan Eesveen en Wapserveen haawe by de Ried fan Steat beswier yntsjinne. It ministearje hat in ynstimmingsbeslút nommen dat sûnder sukses oanfochten waard. Bewenners binne yn heger berop gien, dochs it boarjen giet ûnderwilens moai troch.[2]
Yn 2020 krige Vermilion fergunning en boarje 400 miljoen km³ gas út twa besteande gasfjilden noardwestlik fan Drachten: Middelbuorren en De Pein-Súd. Fierdere sakjen fan de boaiem wurdt rûsd op 4 sintimeter. Vermilion hat in fergunning oant respektyflik 2028 en 2036. [3]
Oant 2021 hat it bedriuw ek nei gas boarre út it Súdwâl-gasfjild yn de Waadsee.
Dútslân
bewurkje seksjeIt haadkantoar fan Vermilion Dútslân is yn Hannover. Yn febrewaris 2014 bemachtige it bedriuw in oandiel foar 25% yn in konsortium fan GDF Suez, dêr't in gasfjild fan 850 km² yn súdlik Nedersaksen.
Yn july 2015 rekke it bedriuw belutsen by 19 gasboarrings yn Nedersaksen op in totaal oerflak fan likernôch 10.000 km². It krige 11 fergunnings op fjouwer produsearjende gasfjilden.
Yn juny 2016 hat Vermilion in keapferdrach foar it oernimmen fan dielnimming oan produsearjende ierdoalje- en ierdgasfjilden yn Nedersaksen mei ENGIE E&P Deutschland sletten. Mei dy bemachtiging is Vermilion njonken it ferkennen ek belutsen mei it winnen fan konvensjonele ierdoalje en ierdgas yn Nedersaksen en hat dêrtroch in grutter oerflak fan produsearjende fjilden bemachtige. Troch it oant 1 jannewaris jildende keapferdrach hat Vermilion yn totaal njoggen ierdoalje- en fjouwer gasfjilden yn East-Hannover en East-Fryslân bemachtige.
Oare operaasjes
bewurkje seksjeFierder is Vermilion warber yn Ierlân, Frankryk, Slowakije, Hongarije, Kroaasje, de Feriene Steaten en Austraalje warber.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|