Vjazma
Vjazma (Russysk: Вязьма) is in stêd yn it easten fan de oblast Smolensk yn de Russyske Federaasje. De stêd is ûnderdiel en haadstêd fan it rajon mei deselde namme en leit oan de rivier dy't ek deselde namme draacht. Vjazma hie eartiids in ferdigeningsfunksje tsjin fijannen út it westen en hat dêrfandinne in rûzige skiednis. De stêd hat goede spoarferbinings nei Moskou, Sint Petersburch, Kalûga en Brjansk.
Vjazma Вязьма | |
---|---|
Hodegretiatsjerke | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Smolensk |
Rajon | Vjazemski rajon |
Sifers | |
Ynwennertal | 52.434 2021 |
Oerflak | 44 km² |
Befolkingstichtens | 191,68 ynw/km² |
Oar | |
Stifting | 1239 (foar it earst neamd) 1723 (stedsstatus) |
Tiidsône | UTC+3 MSK |
Koördinaten | 34° 17' N 34° 17' E |
Webside | www.vyazma.ru |
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak wurd foar it earst yn in kronyk fan 1239 neamd, mar der wurdt tocht dat it plak folle âlder is. Healwei de 13e iuw waard Vjazma it sintrum fan in russysk foarstedom. Yn 1403 waard it plak troch it Gruthartochdom Litouwen anneksearre. Yn 1494 waard Vjazma werom ferovere troch it Grutfoarstedom Moskou. Nei striid tusken Ruslân mei Poalsk-Litouske mienebest rekke it plak ûnder Poalsk bewâld en Ruslân it plak op 'e nij werom ferovere, waard Vjazma ta in fêsting útboud, dêr't de 21 meter hege Ferlossertoer fan oerbleaun is. Der waarden boppedat kleasters en in tal stiennen tsjerken boud. Ien fan dy tsjerken, de Hogretiatsjerke, is in tsjerke fan it seldsume type mei trije tintedakken.
Striid
bewurkje seksjeOp 22 oktober 1812 fûn by Vjazma in slach plak tusken it tebekwikende Frânske leger mei 37.000 man en it Russyske leger mei likernôch 25.000 man. It Russyske leger ûnder oanfiering fan luitenant-generaal Michail Miloradovitsj en in kozakke-ienheid fan generaal Matvej Platov blokkearren eastlik fan Vjazma it paad foar de weromlûkende Frânsen, mar mei help fan de legers fan Eugène de Beauharnais en Józef Antoni Poniatowski wisten de Frânsen ûnder lieding fan Louis Nicolas Davout troch de Russen hinne te brekken en sa út te naaien. De Frânsen besochten noch om hichten om de stêd en de stêd sels te hâlden, mar dat mislearre harren. De jûns fan 22 oktober wisten de Russyske soldaten de stêd ek te befrijen, dy't troch de Frânsen yn 'e brân stutsen wie. By de slach ferlearen de Frânsen 6.000 man, wylst de Russen 2.000 man ferlearen. 2.500 Frânsen waarden troch de Russen kriichsfinzen nommen.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard der by Vjazma fûl fochten tusken it Reade Leger en de Wehrmacht yn it ramt fan de Slach om Moskou. De Dútsers besetten Vjazma tusken 7 oktober 1941 en 12 maart 1943. De stêd rekke yn dy tiid slim skeind en waard nei de befrijing wer opboud.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 15.700 | 34.000 | 31.600 | 44.100 | 51.700 | 58.900 | 57.500 | 52.434 |
-
Trije-ienheidskatedraal -
Stasjon -
Sovjet-plein -
Spasskaja- of Ferlossertoer -
Transfiguraasjetsjerke
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vjazma fan Wikimedia Commons. |