Flaanderen

(Trochferwiisd fan Vlaanderen)

Flaanderen (Nederlânsk: Vlaanderen) is it noardlike lânsdiel fan Belgje, dêr't benammen Nederlânsk sprutsen wurdt, wylst de fiertaal yn it súdlike part Walloanje Frânsk is. De offisjele namme is it Flaamsk Gewest (Nederlânsk: Vlaams Gewest) en de ynwenners wurde Flamingen neamd. De Flaamske Mienskip soarget foar taalkundige saken en omklammet ek de Nederlânsktaligen yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest. Yn Flaanderen binne it Flaamsk Gewest en de Flaamske Mienskip gearfoege.[1] De haadstêd fan Flaanderen is Brussel (mar leit yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest!). Yn it noarden fan Frankryk leit Frânsk-Flaanderen en yn it suden fan Nederlân Siuwsk-Flaanderen.

Flaanderen
Belgje - Flaanderen (rôze)
Flaamske provinsjes
Lânkaart Flaanderen yn 1609

It Flaamsk Gewest hat neistenby 6.775.000 ynwenners (2023) [2] op in oerflak fan neistenby 13.626 km².[3]

Flaanderen omfiemet de provinsjes:

  1. Antwerpen (Antwerpen) - haadstêd Antwerpen (Antwerpen)
  2. Limburch (Limburg) - haadstêd Hasselt (Hasselt)
  3. East-Flaanderen (Oost-Vlaanderen) - haadstêd Gint (Gent)
  4. Flaamsk-Brabân (Vlaams-Brabant) - haadstêd Leuven (Leuven)
  5. West-Flaanderen (West-Vlaanderen) - haadstêd Brugge (Brugge)

Klimaat en lânskip

bewurkje seksje

Yn Flaanderen hearskje twa klimaattypen: oan de kust is der in echt seeklimaat en fierder it lân yn in lânklimaat. Oer it generaal wurdt it lânskip fan Flaanderen omskreaun as it lege part fan Belgje mei oan de kust strânen, folge troch in strook dunen mei polders. Nei it easten lizze de Kempen mei in protte bosken. De wichtichste rivier is de Skelde dy't by Nederlân yn de Noardsee útrint.

Flaanderen is in dielsteat fan Belgje, mei in eigen regearing, in eigen parlemint en in eigen begrutting. It Flaamsk Parlemint, dat om de 5 jierren op 'e nij ferkeazen wurdt, hat wetlik foech yn de regio Flaanderen. It foech fan de Belgyske federale oerheid en dat fan de Flaamske regearing wurde fêstlein troch demokratysk oerlis tusken de ferskate mienskippen en feroaret noch hieltyd.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yn Walloanje binne it Waalsk Gewest en de Frânske Mienskip net gearfoege.
  2. Loop van de bevolking, STATBEL
  3. Bodembezetting volgens het Kadasterregister, STATBEL
Belgje  
Gewesten:
Flaamsk Gewest (Flaanderen) • Waalsk Gewest (Walloanje) • Brusselsk Haadstedsk Gewest
Mienskippen:
Flaamske MienskipFrânske MienskipDútsktalige Mienskip
Provinsjes:
Flaamske provinsjes:
AntwerpenLimburchEast-FlaanderenWest-FlaanderenFlaamsk-Brabân
Waalske provinsjes:
HenegouwenLuikLúksemboarchNamenWaalsk-Brabân
  ·   ·