Fledder Aa
De Fledder Aa (Nederlânsk en offisjeel: Vledder Aa) is in lytse beek yn it súdwesten fan Drinte.
De boarne fan de beek leit yn it Aekingerbroek, net fier fan Appelskea yn Súeast-Fryslân. De beekrint dan nei it súdwesten lâns (Drintske) doarpen Wateren, Doldersum, Fledder en Frederiksoard. By Stienwyk krijt de beek in oare namme: It Stienwiker Djip. De ôfstân fan de boarne oant Stienwyk is sa’n 25 kilometer.
De Fledder Aa is bysûnder omdat it de ienige beek yn nederlân is wêrfan de bopperin yn in natuerlike omjouwing leit. It Aekingerbroek wie oant begjin jierren njoggentich in greidlân midden yn de boskwachterij Smilde. No’t dit gebiet diel wurden is fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld is dit gebiet opnij ynrjochte. Bosk is kapt en greiden binne wer omfoarme ta natoerterrein.
Oant tsien kilometer streamôfwert is it streamgebiet fan de Fledder Aa yn 2002 en 2003 opnij ynrjochte. De beek krige har âlde rin wer werom en meänderet no wer troch it Doldersummer fjild. Ek it beekdal fan de Tilgrup, in beek dy’t yn de Fledder Aa útkomt, waard gedieltlik wer wersteld. Boppedat waard de keunstmjittige ynstream fan gebietsfrjemd en fersmoarge wetter út de Drintske Haadfeart fia de Tilgrup nei de Fledder Aa ôfsluten.[1][2]
Poëzij
bewurkje seksje- De mensen gaan wondere wegen,
zegt de beek. Wat is de zin?
Ik heb de tijd, ik ken mijn plaats
mijn stroomgebied; ik kom, ik ga.
Een stukje eeuwigheid: de Fledder Aa- Fragmint fan it gedicht Fledder Aa fan Marga Kool [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|