Vocal Roses is in muzikaal trio út Aldemardum. Sy trede ûnder oaren op by eveneminten, festivals, diners en konserten. Har repertoire bestiet benammen út popnûmers, fan eartiids en no. Dy jouwe sy in eigen 'Vocal Roses-kleurke' troch in soad mei mearstimmichheid te wurkjen.

Vocal Roses
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjenre Pop
bestean 2011 -
webside vocalroses.nl
leden
Sang &
Perkusje
Sita
Sang &
Bas
Johanna
Sang,
Gitaar &
Toetsen
Irma

Yntusken ha de Vocal Roses in EP opnaam mei eigen wurk, dat sy ek live spylje by harren optredens. Se begeliede harsels op gitaar, basgitaar, toetsen en perkusje en binne te boeken mei drummer. Se beskikke oer in middeis- of jûnfoljend programma en hawwe in eigen lûdynstallaasje foar lytsere sealen. Se hawwe goede kontakten mei lûdsbedriuwen en kinne sadwaande ek in grut publyk oan. De Vocal Roses út Gaasterlân ferpakke elke hit yn harren eigen jaske. Oft it no om in âlde rocksong giet of om in ballad: Vocal Roses smyt der har eigen saus oerhinne en bringt dat mearstimmich en mei (bas)gitaar, toetsen en perkusje hearre.

Se stiene sy yn 2018 by de Fryske Music Night yn de AFAS Live! [1]

Diskografy bewurkje seksje

EP

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Putkapel (Facebook, 23 -05 -18 )