Hachette Books

(Trochferwiisd fan Voice (ymprint))

Hachette Books, foarhinne Hyperion Books, is in Amerikaanske útjouwerij, dy't bestiet sûnt 1990, en dy't fêstige is yn New York. Dit bedriuw publisearret sawol fiksje as non-fiksje foar folwoeksenen ûnder fjouwer ferskillende ymprints. Foarhinne makke Hyperion ûnderdiel út fan 'e Walt Disney Company, mar sûnt 2013 heart it ta de Hachette Book Group. Hyperion Books for Children (HBC) is in útjouwerij dy't losstiet fan Hyperion Books, en dy't noch altiten ta it Disney-concern heart.

Hachette Books
algemien
hist. namme Hyperion Books
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1990
oprjochter Michael Eisner
Robert S. Miller
eigner Lagardère Group
mem Hachette Book Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.hyperionbooks.com

Hyperion Books waard yn 1990 oprjochte troch Michael Eisner en Robert S. Miller as útjouwerij foar folwoekseneliteratuer foar de Walt Disney Company. Datselde jiers waarden ek Hyperion Books for Children (HBC) en Disney Press oprjochte, en mei oare Disney-ûnderdielen waarden dy trije bedriuwen yn 1992 ûnderbrocht by de Disney Publishing Group, hoewol't HBC en Disney Press yn 1995 ta ien bedriuw fúzjearren.

Hyperion litte ferliezen oant de útjouwerij yn 1994 in bestseller skoarde mei Don't Stand to Close to the Naked Man, fan akteur Tim Allen, wêrfan't 1,1 miljoen eksimplaren ferkocht waarden. Yn 1999 waard Hyperion Books oerpleatst fan 'e Disney Publishing Group nei in oare difyzje, de Disney-ABC Television Group.

Yn 2013 ferkocht Disney Hyperion Books oan 'e Hachette Book Group, de Amerikaanske difyzje fan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre. Dêrby waard ôfpraat dat boeken foar jongfolwoeksenen en titels út 'e fûnskatalogus fan Hyperion dy't te krijen hiene mei besteande Disney-tillefyzjeprogramma's oerhevele wurde soene nei de ymprint Disney-Hyperion fan Hyperion Books for Children.

 
It âlde logo fan 'e útjouwerij, doe't it bedriuw noch Hyperion Books hiet.

Yn 2018 ferdwûn de namme Hyperion en waard de útjouwerij omneamd ta Hachette Books.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.