Akademy Vredeman de Vries

(Trochferwiisd fan Vredeman de Vries Akademy)

Akademy Vredeman de Vries, of Academie voor Beeldend Kunstonderwijs "Vredeman de Vries", wie in keunstakademy yn Ljouwert.

Yn 1951 waard yn Ljouwert de Fryske keunstambachtsskoalle oprjochte dêr't amateurs tekenjen, skilderjen en keunstbeskôging folgje koenen. Dochs bestie de winsk om in profesjonele keunstoplieding te hawwen. De stifting Vredeman de Vries, ferneamd nei de Ljouwerter arsjitekt Hans Vredeman de Vries, naam dêrom de taak fan de St. Friese Kunstnijverheidsschool oer. De earste lessen fan de 'Akademy foar Byldzjend Keunstûnderwiis waarden yn 1958 jûn.[1] In eigen gebou hiene hja noch net, lesjaan barde yn it earstoan yn de jûnsoeren yn de famkes-hbs. In jier letter setten 23 learlingen offisjeel útein mei de earste trijejierrige oplieding. Yn 1962 krige de skoalle de ryksgoedkar en sûnt waard de skoalle mei troch it ryk betelle. Yn 1972 waard de stichting opheft en kaam de skoalle op 'e noed fan de gemeente Ljouwert. Oant begjin jierren '80 waard lesjûn op trije lokaasjes (Dimpte Keizersgrêft, de Tunen en oan de Foarstreek), letter ferhuze de skoalle nei de Eastersingel.

Yn 1986 gong de oplieding op yn de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en yn 1989 waard yn in hearenakkoart tusken de kommissarissen fan Fryslân en Grinslân (Wiegel en (Vonhoff) oerienkaam dat de keunstfakopliedingen ferhúzje soenen fan Ljouwert nei Grins. Dat betsjutte de ein fan de Akademy Vredeman de Vries, dy't yn 1992 tichtgie.

Bekende âld-learlingen/dosinten (in kar)

bewurkje seksje

Dosinten


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mous, H. (2008) De kleur van Friesland: beeldende kunst na 1945 Ljouwert: Friese Pers/Noordboek