Wâldmies
Wâldmies | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Parus Ater |
De wâldmies (Parus ater) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan de miesfûgels (Paridae). De wâldmies komt meast foar yn nuddelbosken. Oars as de blaumies en de blokmies, komt de wâldmies net faak by de minsken yn de tún. De wâldmies hat in swarte krún en in wite flek yn de nekke en wite wangen. Yn it grutste part fan Jeropa komt dizze fûgel it hiele jier foar.
Oare Fryske nammeBewurkje
De wâldmies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Swarte Mies.
ItenBewurkje
De wâldmies yt it meast ynsekten en de yn de nuddelbosken te finen liere- en dinne-appels.
FuortplantingBewurkje
De wâldmies is in hoalebrieder. It wyfke briedt 2 wike allinnich op de 7-10 aaien. De jongen wurde 15-17 dagen troch beide âlden fersoarge foar at se útfleane.
Sjoch ekBewurkje
- List fan fûgels
- Commons: Wâldmies – foto, fideo en harktriemmen