Wêz Handich
SV Wêz Handich is in kuorbal- en tennisferiening út De Rottefalle, gemeente Smellingerlân, Fryslân.
Oprjochte: | 01-03-1930 | ||
Plak: | De Rottefalle | ||
Kompleks: | It Hagehiem | ||
Kompetysje: | KNKV 1e klasse | ||
| |||
[wezhandich.nl webstee Wêz Handich] |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1925 waard der in kuorbalklup oprjochte yn De Rottefalle. Nei dat kuorbal sjoen wie yn Aldegea, moast dat ek yn De Rottefalle te beoefenjen wêze. De klup krige de namme: "Wêz Handich". Dit wie in idee fan Wytske Atsma. Earst waar der kuorballe yn in greilân fan de famylje Atsma, want der wie fierder gjin plak. Eartiids wienen der sels twa kuorbalferieningen yn De Rottefalle: KC Wêz Handich (snein) en CKV DIO (saterdei).
Yn 1928 waard Wêz Handich opheve. Op 1 maaie 1930, twa jier letter waard Wêz Handich wer op 'e nij oprjochte. De klup hie eartiids hichtepunten en djiptepunten. Ien fan de grutste hichtepunten fan Wêz Handich wie dat se eartiids KNKB 1e klasse spile hawwe. Dit wie yn dy tiid it heechste nivo dat helber wie yn Nederlân. Yn 1967 kaam der in kuorbalfjild yn it doarp en yn 1980 kaam der in fuotbalfjild by.
Algemien
bewurkje seksjeDe feriening is oprjochte op 1 maaie 1930 as kuorbalferiening. Letter kaam der in, yn 'e tuskentiid net mear besteande gymnastykferiening by; dizze waard yn 1969 útbreide mei in ôfdieling follybal (follybalferiening Wêz Handich). Yn 1994 waard de tennisferiening oprjochte; dizze is net oansletten by de KNTLB. Thúsbasis fan Wêz Handich is it sportkompleks ''It Hagehiem''. Yn de seal wurdt der spile yn de Dúnoardhal, yn De Houtigehage. Al in pear jier hat de klup in goeie gearwurking mei KF DOW út Eastermar. Sûnt 2021 hat Wêz Handich/DOW besletten ek gear te wurkjen mei KV TFS út De Kompenije.
Kuorbal
bewurkje seksjeSûnt 2009 hat de kuorbalôfdieling in gearwurking mei buertferiening DOW út Eastermar. Sûnt 2021 is TFS hjirre by kaam.
It earste team spilet sawol op it fjild as yn de seal 1e klasse. Yn it fjildseizoen 2017-2018 degradearre Wêz Handich/DOW nei de 2e klasse mar yn it seizoen dêrnei (2018-2019) waard de klup kampioen en promovearre wer nei de 1e klasse. Yn it sealseizoen fan 2021-2022 promovearre de feriening hast nei de oergongsklasse, wylst op it fjild wer degradaasje behelle wie. Wêz Handich hat 6 kompetative teams, 4 reakreative teams en in oantal jeugdteam. De A1 fan Wêz Handich spilet A-junioren 2e klasse.