Wackernheim is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Wackernheim is sûnt 1 juny 2019 in Ortsbezirk fan 'e stêd Ingelheim am Rhein, dy't ûnderdiel foarmet fan 'e lânkring Mainz-Bingen. Oant dy datum makke Wackernheim as Ortsgemeinde diel út fan 'e ophefte ferbânsgemeente Heidesheim.

Wackernheim

(Ingelheim am Rhein)

Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
stêd Ingelheim am Rhein
Sifers
Ynwennertal 2.521 (2021)[1]
Oerflak 5.90 km²
Hichte 222 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 55263
Koördinaten 49° 58' N 8° 06' E
Kaart
Wackernheim (Rynlân-Palts)
Wackernheim

It plak leit sân km west fan Mainz tusken de natoergebieten Rabenkopf, Layenhof en de Mainzer Berg en grinzget yn it easten oan it Mainzer stedsdiel Finthen en west oan it Ingelheimer stedsdiel Ober-Ingelheim. Yn it noarden leit Heidesheim am Rhein en súdlik Schwabenheim an der Selz, Stadecken-Elsheim en Essenheim. By Wackernheim heart ek noch it buorskip Haus Vetter.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: