Walburgatsjerke (Droegeham)

(Trochferwiisd fan Walburga-Tsjerke (Droegeham))

De Walburgatsjerke is de eardere Herfoarme en tsjintwurdich ien fan de twa PKN-tsjerken yn Droegeham. It tsjerkegebou is in ryksmonumint.

Walburgatsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Droegeham
adres Tsjerkebuorren 4
koördinaten 53° 12' N 6° 06' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Walburga
Arsjitektuer
boujier Toer 13e iuw, tsjerke twadde helte 19e iuw
Webside
Side PKN Droegeham
Kaart
Walburgatsjerke (Fryslân)
Walburgatsjerke

De earste tsjerke fan Droegeham datearre út it begjin fan 'e 13e iuw. It wie in romaansk bouwurk mei in healrûn sletten koer en smelle rûnbôgeramen. De tsjerke ûndergyng nei alle gedachten oan it begjin fan 'e 14e iuw in ferbouwing yn romano-gotyske styl. Letter krige de súdlike kant fan it skip gruttere finsters. De tsjerke rekke yn 'e 19e iuw slim yn ferfal en mocht ôfbrutsen wurde, ûnder it betingst dat de tsjerke op 'e nij boud waard yn 'e oarspronklike styl. Dêr wie it tsjerkefolk ynearsten mar min oer te sprekken, want de lytsere romaanske ramen fan 'e nijbou lieten net in soad deiljocht troch. De earste stienlizzing fan 'e nijbou fûn plak op 12 juny 1876.

Op 1 febrewaris 1983 raasde in swiere stoarm oer it lân en in grut part fan de bûtenmuorre fan 'e toer stoarte doe yn. Tusken 1984 en 1985 wie de restauraasje.

Nei in skieding fan 175 jier fusearre de Grifformearde tsjerke en de Herfoarme gemeente op 12 desimber 2010 ta de Protestanske gemeente Droegeham. Droegeham wie ien fan 'e earste gemeenten dy't meigong yn de ôfskieding fan 1834.

De Hamster Walburgatsjerke is de iennige tsjerke yn Fryslân dy't oan 'e hillige Walburga wijd wie.

De fan giele en reade stien boude toer is romaansk en stamt út it begjin fan 'e 13e iuw. De 19,20 meter hege sealtektoer is oan 'e eastlike en westlike kant fan 'e dakrâne dekorearre mei rûnbôgefriezen en hat smelle romaanske kloksgatten. Boppe op 'e toer is in wynwizer mei in hynderke ynstee fan 'e wênstige hoanne. De klok waard yn 1943 troch de Dútsers foardere en kaam net werom. Doarpsbelang soarge nei de Twadde Wrâldkriich foar in nije klok yn 'e toer.

It oargel waard yn 1921 boud troch A.S.J. Dekker fan Goes. Foar de bou waarden ûnderdielen fan in âlder oargel brûkt.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: