Walle Melis Oppedijk van Veen

Walle Melis Oppedijk van Veen (De Haach, 25 juny 1906 - Doorn, 6 novimber 1991) wie in Nederlânske politikus fan Frysk komôf.

Walle Melis wie in soan fan Rienk van Veen, lid fan de Twadde Keamer foar de Frij-Antyrevolúsjonêre Partij, en Jeannette Elisabeth Oppendijk. Hy wie ferneamd nei pake fan memmekant, Walle Melis Oppedijk, houthanneler en politikus. By Keninklik Beslút waard yn 1920 syn famyljenamme wizige fan 'Van Veen' yn 'Oppedijk van Veen'. Hy wie troud mei Helena Huiberta Visker (1911-1984).

Oppedijk van Veen helle yn 1931 syn kandidaatsbul en yn 1935 it doktoraaleksamen rjochtswittenskippen oan de Universiteit Utert. Hy wurke as frijwilliger op de gemeentesekretary fan de gemeente Alphen aan den Rijn doe't er mei yngong fan 15 july 1936 beneamd waard ta boargemaster fan Warkum.

Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch bleau Oppedijk fan Veen oan as boargemaster, op 21 july 1942 waard er noch op 'en nij beneamd. Op 5 maaie 1943 waard er lykwols arrestearre troch de besetter en by beslút fan de kommissaris-generaal foar Bestjoer en Justysje fan 25 maaie 1943 mei Frederik Willem Steenhuisen, boargemaster fan Tytsjerksteradiel, en seis oare boargemasters ûntslein. Oppedijk van Veen dûkte dêrnei ûnder yn Gelderlân. Nei de befrijding krige op 17 maaie 1945 syn âlde funksje werom.[1]

Yn 1948 folge er Steenhuisen op as boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Yn 1971 gie er mei pinsjoen en sette him dêrnei nei wenjen yn Doorn. Hy stoar dêr yn de âldens fan 85 jier.

Underskiedingen

bewurkje seksje

Oppedijk van Veen waard beneamd ta Ridder (1958) en Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1971) en wie eareboarger en drager fan de earemedalje fan Tytsjerksteradiel.
Yn Warkum waard it Oppedijk van Veenplantsoen nei him neamd, dat oanlein waard op it plak fan it eardere NAD-arbeidskamp It romme fjild. July 2018 krige it park in ynformaasboerd oer boargemaster Oppedijk van Veen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar it grutste part in oersetting fan it artikel Walle Melis Oppedijk van Veen yn de Nederlânsktalige Wikipedy
  1. "Tietjerksteradeel krijgt een energieke burgemeester" in Nieuwsblad van Friesland, 23 april 1948