It wapen fan Boerum (Kollumerlânsk: woapen van Boerum) is it wapen fan it doarp Boerum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.

Wapen fan Boerum

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read in gouden weachskaal, mei yn de skyldfoet in fan boppe platte sulveren balstien, belein mei in ferkoart swart krús; de balstien steunt troch trije lytse sulveren stiennen.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sulver en sabel (swart).

  • Weachskaal: symboal foar de rjochtspraak dy yn hannen wie fan it kleaster Jeruzalim, ek wol Gerkeskleaster. De tsjerke fan Boerum waard yn 1408 oerdroegen oan it kleaster. It kleaster stelde ek doarpsrjochters oan.
  • Bolstien: de doarpsrjochter siet op in stien wannear't hy rjocht spruts. It krús op de stien is ek in ferwizing nei de rjochtspraak fan it kleaster Jeruzalim.