Wapen fan De Hommerts-Jutryp

It wapen fan De Hommerts-Jutryp is it wapen fan de doarpen De Hommerts en Jutryp, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2009 registrearre.

Wapen fan De Hommerts-Jutryp

It twillingdoarp De Hommerts-Jutryp is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen is basearre op in âlder wapen dat al foarkomt yn it wapenboek fan Andries Schoemaker út 1695.

De blazoenearring fan it wapen is:

Horizontaal yn trijen fan grien, sulver en swart; oer alles hinne in reade rút, belein mei in gouden ikel, twa sulveren swannen en in gouden ôfskuorde swynskop, pleatst 1:2:1.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, sabel (swart), kiel (read) en goud.

  • Griene balke: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan de doarpen.
  • Sulveren balke: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan de doarpen.
  • Swarte balke: ferwiist nei it leechfean yn de omkriten fan de doarpen.
  • Rút: in symboal foar de rjochtspraak. De reade kleur stiet ûnder mear foar de bebouwing. Ek is it oernommen út it wapen fan de famylje Fan Hettinga. Dy famylje bewenne in stins tichtby De Hommerts.
  • Ikel: oernommen út de wapens fan de famyljes Fan Hettinga en Fan Terwisscha. De famylje Fan Terwisscha bewenne in stins tichtby it doarp Jutryp.
  • Swynskop: werom te fieren op de plaknamme Jutryp. Dat is ek te skreauwen as Jortryp en Jort is in ferkoarte foarm fan de namme Everhard. Dat betsjut soksawat as "sa sterk as in wyld swyn".
  • Swannen: ferwizing nei it Swannerjocht dat ferbûn wie oan de Hettingastate.