Wapen fan Folsgeare
It wapen fan Folsgeare is it wapen fan it doarp Folsgeare, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2003 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in reade keper, oant de rannen ta belein mei in sulveren roaster, de keper fan boppe beselskippe fan twa gouden klavers en fan ûnder fan in gouden leelje.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), kiel (read), sulver en goud (goud).
Symbolyk
bewurkje seksje- Blau fjild: ferwiist nei de lizzing oan de eardere Middelsee. Dêr neist is de kleur oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Keper: ferwiist nei de hoeke yn de Tsjaerddyk. It ruster dat oanbracht is op de keper ferwiist nei Laurentius fan Rome, patroanhillige fan de Laurentiustsjerke fan Folsgeare.
- Leelje: oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel.
- Klaverblêden: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.