Wapen fan Goutum
It wapen fan Goutum is it wapen fan it doarp Goutum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn kiel trije drinkkannen fan sulver, pleatse 2 en 1, en in frijkertier fan azuer, belein mei in swan fan sulver, mei om de hals in kroan fan goud.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, azuer (blau) en goud.
Symbolyk
bewurkje seksje- Trije drinkkannen: ferwize nei de trije staten dy't yn it doarp stiene. Neffens de oerlevering wisten de eigeners fan dy staten wol fan 'ynnimmen, mei't de Burmaniastate, Wiardastate en Eminga State waarden yn dy folchoarder ek wol Putsma, Schenkinsma en Drinkuitsma State neamd. Sa komme se sels foar op lânkaarten. Sels Eekhoff fermeldt op syn kaart út 1847 noch de nammen Putsma en Drinkuitsma yn stee fan Burmania en Eminga. [1]
- Frijkertier mei swan: oernommen út it wapen fan de famylje Wiarda, bewenners fan de Wiardastate.
- Keurstelling: oernommen út it wapen fan Eastergoa.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |