Wapen fan Himmelumer Aldefurd

It wapen fan Himmelumer Aldefurd is it wapen dat fan 1851 oant 1984 fierd waard troch de eardere gemeente Himmelumer Aldefurd, yn 'e Fryske Súdwesthoeke, en dêrfoar troch de Gritenij Himmelumer Aldefurd.[1]

It wapen út 1818.
It wapen út 1966.

Yn it begjin fan 'e achttjinde iuw bestie it gritenijwapen fan Himmelumer Aldefurd út twa horizontaal faninoar skate flakken fan gelikense grutte: goud boppe en read ûnder. Letter kaam der in ekstra flak by, sadat der trije banen fan gelikense grutte ûntstiene, mei de kleuren goud, blau en read. Meitiid ferkleure it goud ta grien, wylst it read ta swart waard.[2] Doe't op 25 maart 1818 troch de Hege Ried fan de Adel formeel in wapen oan Himmelumer Aldefurd ferliend waard, wie dat it trijekleurige wapen mei trije horizontale banen grien-blau-swart, dutsen troch in gouden kroan.[3]

Op 26 novimber 1964 waard troch de Hege Ried fan de Adel in nij wapen oan Himmelumer Aldefurd ferliend, wêryn't de âlde en nije kleuren fan it wapen feriene wiene. Dat wie dien troch oer de trije horizontale banen grien-blau-swart hinne in hertskyld te pleatsen mei de oarspronklike flakken goud en read. Dit twadde wapen bleau yn gebrûk oant de opheffing fan Himmelumer Aldefurd by de gemeentlike weryndieling fan 1984.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.
  2. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 33.
  3. 3,0 3,1 Heraldry of the World: Hemelumer Oldeferd