Wapen fan Hinnaard
It wapen fan Hinnaard is it wapen fan it doarp Hinnaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Keperfoarmich trochsnien: a. yn blau in sulveren rút, oan wjerskanten ferlege beselskippe fan in gouden seispuntige stjer; b. yn sulver in reade roas.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, goud en kiel (read).
Symbolyk
bewurkje seksje- Keperfoarmiche trochsnijing: ferwiist nei de eardere namme "Hernwert", dit betsjut safolle as hoeketerp, wat útbield wurdt troch de keper.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Hinnaarderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Ek komme de kleuren foar yn de wapens fan de famyljes Sassinga en Roorda, dy't de Sassingastate bewennen.
- Rút: symboal foar it riedhûs dy't yn it doarp stien hat.
- Stjerren: ferwize nei it doarp as haadplak, Hinnaard wie it haadplak fan Hinnaarderadiel. Ek komme de stjerren foar yn it wapen fan de famylje Sassinga.
- Roas: oernommen út it wapen fan de famylje Roorda.