Wapen fan Wâldsein
It wapen fan Wâldsein is it wapen fan de flekke Wâldsein, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1986 registrearre.
It ûntwerp is fan J.R. Van der Wal en de Fryske Rie foar Heraldyk.
Symbolyk
bewurkje seksje- Flakferdieling: de ferdieling is oernommen út it wapen fan de karmeliten.
- Klaver: symboal foar de lânbou yn de omkriten fan it plak.
- Michaelskrús: symboal foar de mûnes fan it plak. Ek soe it symboal stean foar aartsingel Michael. Wâldsein soe yn de midsiuwen ien fan de poarten fan Fryslân foarme ha, yn dit gefal de Sint-Michaelspoarte.
- Leelje: symboal foar foarspoed en fruchtberens. Ek stiet de leelje foar Marije en har folgelingen yn ferskate kleasters.
- Kroan: it wapen wurd bedutsen troch in "flekke kroan", brûkt by wapens fan plakken mei stedske kinmerken (flekke).
-
It wapen fan de Karmeliten.