West London Film Studios

De West London Film Studios (WLFS), binne in studiokompleks yn 'e wyk Hayes fan 'e Britske haadstêd Londen, dêr't de opnamen foar in protte films en tillefyzjeprogramma's plakfine. Ek wurde der in soad reklamespotsjes filme en is it kompleks beskikber foar it meitsjen fan fotoreportaazjes. De West London Film Studios waarden yn 2014 iepene.

West London Film Studios
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Londen (Ingelân)
oprjochte 2014
eigner Frank Khalid
offisjele webside
www.westlondonfilmstudios.com
kaart
West London Film Studios (Grut-Londen)
West London Film Studios
Lokaasje yn Londen.

It perseel waard yn 2005 oankocht troch de Britske sakeman Frank Khalid. It waard pas op 18 maaie 2014 formeel iepene as studiokompleks. By de iepeningsseremoanje waard it lint trochknipt troch Khalid en akteur Aaron Paul, dy't bekend wurden wie út 'e Amerikaanske misdiesearje Breaking Bad.

Fasiliteiten

bewurkje seksje

De West London Film Studios omfetsje krapoan 10.000  oan studioromte, ferdield oer seis ûnderskate soundstages. Dêrnjonken binne der ek klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring, opslachromten foar kostúms en rekwisiten, wurkplakken foar de produksje fan dekôrstikken, fasiliteiten foar postproduksjewurk en kantoarromte. De West London Film Studios hawwe de iennichste medyske soundstages yn it Feriene Keninkryk, dêr't sênes filme wurde kinne dy't bgl. spylje yn it sikehûs of yn in mortuarium. It studiokompleks is sadwaande tige yn trek foar sikehûssearjes en plysjesearjes.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e West London Film Studios opnommen binne:

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e West London Film Studios opnommen binne:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.