Wetterreadsturtsje

It wetterreadsturtsje (Phoenicurus fuliginosus) is in lytse Aziatyske fûgel fan 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).

wetterreadsturtsje

Mantsje

Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus fuliginosus
Vigors, 1831
IUCN-status: net bedrige
 
Mantsje.
 
Wyfke.

It mantsje fan it wetterreadsturtsje is in 12 oant 13 sm lang fûgeltsje mei in karakteristike reade stút en sturt. Fierder is de fûgel blau. De snaffel is swart en de poatsjes binne hûdkleurich.

Wyfkes binne fan boppe laaigriis mei oan 'e sydkanten fan it kopke wat brún. Se ha in wite stút en de sturt wurdt fan 'e stút fan nei bûten ta hieltiten witer; de bûtenste sturtfearren binne hielendal wyt. De ûnderkant fan it bealchje is griis mei lytse wite flekjes.

De soarte hat in sterk territoariumgedrach en giet in fûle striid oan mei alle ynkringers.

Fersprieding en ûndersoarten

bewurkje seksje

It fûgeltsje waard earder yn it skaai Rhyacornis set, mar waard op basis fan 'e resultaten fan in yn 2010 publisearre molkulêr fylogenetysk ûndersyk by de Phoenicurus yndield.[1] Lykas de namme oanjout libbet de soarte oan streamend wetter en yn 'e Himalaya tusken 2000 en 4.100 m boppe seenivo. Winterdeis siket er legere gebieten op.

De wetterreadsturt is ferdield yn twa ûndersoarten:

Wyfkes en jonge mantsjes binne yn Sina fan boppe wat bruner en moatte mooglik ûnderbrocht wurde by de aparte ûndersoarte tenuirostris.[2]

Wetterreadsturtsjes ite fral ynsekten en út en troch ek sied en beien. Om ynsekten te fangen fleant de fûgel oant 7 meter heech boppe it wetter en glidet dan yn in spiraal nei ûnder werom nei it plak dêr't er weikaam.

Wetterreadsturtsjes ha in tige grut ferspriedingsgebiet. De populaasje is stabyl en der binne gjin ûntwikkelingen dy't in bedriging foarmje. Alhoewol't de oantallen ûnbekend binne, wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisarre. De fûgel is algemien yn Noard-Pakistan en Noard-Yndia, mar yn Súd-east-Aazje minder en allinne lokaal algemien oanwêzich.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De tekst is foar in part in oersetting fan it Ingelsktalige artikel oer dit ûnderwerp, sjoch ûnder: en:Plumbeous water redstart