Grutte Wierd
Wijard Jelckama (Boalsert, ±1490 – Ljouwert, 30 novimber 1523) better bekend as Grutte Wierd fanwegen syn mânske lichemsbou en krêft, wie in Fryske legindaryske seerôver, rebel en frijheidsstrider. Syn foarnamme wurdt ek wol skreaun as Wierd en Wijerd.
Libben
bewurkje seksjeJelckama waard berne om 1490 hinne, as soan fan de âldere suster fan Grutte Pier, fierders is net in soad bekend oer syn jonge libben. Fan Wijard wurdt sein dat er in aldermachtigst grutte en sterke feint wie wêrfan't syn foarkommen net ûnder die foar dat fan syn ferneamde omke Pier. Jelckama soe 2,15 meter lang west wêze en hy koe in hynder fan 450 kilo op syn skouders huffe.[1]
Doe't yn 1515 Grutte Pier syn striid tsjin de Habsboargers, Saksen en Hollanners úteinsette, sleat Jelckama him ek by it leger fan syn omke oan. Hy waard de ûnderbefelhawwer fan it leger fan Pier, de Arumer Swarte Heap.
Grutte Wierd wie der ek by doe't Grutte Pier oan syn Twadde belegering fan Medemblik begûn yn 1517. Alhoewol't it yn dy jierren noch min ferdigene fêstigingstedsje it swier te lijen krige koene de measte minsken harren yn feilichheid bringe. Doe't Grutte Pear earne yn it tiidrek 1518 - 1520 ophâldt mei de striid, naam Wijard it befel fan Pier syn troepen oer.
Wierd focht ek bûten Fryslân foar Gelre. Ek behelle er noch wol wat oerwinnings, mar lang om let waarden de Fryske frijheidsstriders dochs ferslein en oppakt. Yn 1523 waard fan Grutte Wierd de holle ôfslein. Neffens de ferhalen moast de beul wol fjouwer kear slaan tefoaren earst Jelckama's tige grouwe nekke troch wie.[2] Mei it ferstjearren fan Jelckama kaam in ein oan de opstannen fan Fryslân.
Famylje
bewurkje seksjeJelckama hat troud west mei in frommes dat Fokel hjitte. It eksakte jier fan harren boaskjen is net wis. Fokel oerlibbe har man tritich jier, se stoar yn 1553. Fokel en Wijard hienen twa dochters, Bonga (1516-1575) en Fokel (1517-1546) en in soan, Janco Douwes Jelckama (1514-1587).[3]
Pake- en beppesizzers en bernsbernsbern binne bekend. In bernbernsdochter dy't stoar yn 1625 liet fermoedlik de bloedline fan Jelckama útstjerre.[4]
J.J. Kalma
bewurkje seksjeNeffens J.J. Kalma, dy't yn syn boek Grutte Pier fan Kimswerd (De Tille, 1970) in haadstik oan Grutte Wierd besteget, kin der twifele wurde oan it feit dat Jelckama al as net in neef fan Grutte Pier west hat. Al kin der mei wissichheid sein wurde dat Grutte Wierd bestien hat, mar it famyljeferbân is neffens Kalma net wis.
It ferneamde Swurd fan Grutte Pier hat neffens Kalma net fan Pier west, mar fan Jelckama. Oer it algemien wurdt oannommen dat it swurd fan Grutte Pier west hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|