Jan VI fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
 
== Libben ==
Jan fan Nassau urf yn [[1559]] as âldste broer nei Willem fan Oranje de Nassauske goeden fan it geslacht [[Hûs fan Nassau|Nassau]] yn Dútslân, omdat syn broer Willem (fan Oranje) de neilittenskip fan syn neef René fan Chalon urf, nammentlik it [[prinsdom Orange]] yn [[Frankryk]] en de besittings yn de [[Nederlannen]]. Jan wie lykas syn oare bruorren Lutersk opbrocht, mar gie yn [[1572]] út oertsjûging oer ta it [[Kalvinisme]]. Yn 1577 wie er yn de Nederlannen. Hy wie dêr koarte tiid [[steedhâlder]] fan [[Hartochdom Gelre|Gelre]]. Yn [[1579]] hie hy in grutte rol by it tastânkommen fan de [[Uny fan Utert (1579)|Uny fan Utert]]. Yn [[1580]] ferliet hy lykwols de Nederlannen omdat hy him net fine koe yn de Frânskgesinde polityk fan syn broer Willem. Hy gie werom nei it kastiel [[Slot Dillenburg|Dillenburg]]. Op 24 april 1581 fierde er de [[Heidelberchske Kategismus]] yn syn greefskip yn op skoallen en yn tsjerken. Hy stifte skoallen en beneamde predikanten. Op 1 augustus 1584 gie in grutte winsk fan greve Jan yn ferfolling: yn [[Herborn]] stifte hy in hegeskoalle, "Schola Johannae" ([[Latyn]] en nei Jan ferneamd), dêr't er [[Caspar Olevianus]] as heechlearaar en rektor oanstelde. Ek brocht er in bibleteek ta stân mei de rykste skat oan teologyboeken yn [[Dútslân]]. En fierder festige er in boekeprinterij dy't as earste boek de "Ynstitúsje fan [[Kalvyn]]" printe.
 
Jan fan Nassau kin beskôge wurde as de stamfaar fan it no yn Nederlân regearjende foarstehûs. De ôfstamming rint fia syn soan [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]]. Fan de fiif soannen fan Juliana fan Stolberg en Willem de Rike is hy de ienige soan dy't op in natuerlike wize oan syn ein komd is.