Miggesnappers: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Nije side |
(Gjin ferskil)
|
De ferzje fan 24 jan 2021 om 20.02
De miggesnappers (Muscicapidae) binnen in tige grutte famylje fan sjongfûgels fan de Âlde Wrâld (Jeropa, Afrika, Aazje). De "echte" miggesnappers fan dizze famylje moatte net trochinoar helle wurde mei de miggefangers fan de famylje Poliopteridae. Boppedat binne der fûgels út oare famyljes lykas de tirannen (Tyrannidae) en de monargen (Monarchidae), dy 't yn it Frysk (en soartgelyk yn oare talen) mei 'miggesnappers" oantsjutt wurde, mar eigentlik gjin miggesnappers binne.
Miggesnappers | ||
brune miggesnapper ( Muscicapa dauurica) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Muscicapoidea) | |
famylje: | miggesnappers (Muscicapidae) | |
Vigors, 1825 | ||
Klassifikaasje
Fanwegens it grutte oantal (332) soarten wurde de ferskate soarten ûnder de oanbelangjende ûnderfamyljes of by grutte skaaien ûnder de skaaien neamd.
- Famylje: Muscicapidae - miggesnappers
- Ûnderfamylje: Muscicapinae - brune miggesnappers, dêryn de soarte:
- feale miggesnapper (Muscicapa striata)
- Ûnderfamylje: Niltavinae - blauwe miggesnappers
- Ûnderfamylje: Erithacinae - janfrederiks, dêryn de soarte:
- readboarstke (Erithacus rubecula)
- Ûnderfamylje: Saxicolinae - paapke-eftigen, dêryn de soarten:
- blauboarstke (Luscinica svecica)
- geal (Luscinica megarhynchos)
- lytse miggesnapper (Ficedula parva)
- bûnte miggesnapper (Ficedula hypoleuca)
- swart readsturtsje (Phoenicurus ochruros)
- readsturtsje (Phoenicurus phoenicurus)
- paapke (Saxicola rubetra)
- swartkieltsje (Saxicola rubecula)
- heidehipper (Oenanthe oenanthe)
- Skaaien dy (noch) net yn ûnderfamyljes yndield binne:
- Skaai Pinarornis, 1 soarte:
- (Pinarornis plumosus)
- Skaai Namibornis , 1 soarte:
- (Namibornis herero)
- Skaai Humblotia, 1 soarte:
- (Humblotia flavirostris)
- Ûnderfamylje: Muscicapinae - brune miggesnappers, dêryn de soarte: